Soargen oer de takomst fan de frisistyk: "Der moat folle mear reklame foar makke wurde"

29 mrt 2019 - 14:55

It giet net goed mei de frisistyk. Dy fêststelling wie de oanlieding foar in kongresdei oer de takomst fan it fakgebiet. Frisistyk is de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde. Der is in protte belangstelling foar in kongresdei: in dei yn it foar wie it kongres al fol reservearre.

De organisaasje, Stifting Freonen fan it Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit Grins (SFFYRUG) en de Fryske Akademy, sizze dat it fjirtich jier lyn stikken better gie mei it fak. "Wa't de frisistyk fan no oersjocht en ferliket mei de tastân fan doe, sil sjen dat er gâns feroare is. Der wiene doe heechleararen foar it Frysk oan de universiteiten fan Grins, Amsterdam (sawol Vrije Universiteit as de Universiteit van Amsterdam), Utert en Leiden. Foar ûndersyk wie boppedat de Fryske Akademy wichtich."

Gjin bysûndere heechleararen Frysk

Yntusken is it hiel oars: "Op dit stuit binne der gjin bysûndere heechleararen Frysk mear en de frisistyk oan de Ryksuniversiteit Grins en Universiteit van Amsterdam is ûnderbrocht yn bredere programma's."

Der binne mear soargen. By de Fryske Akademy binne gjin jonge frisisten mear mei in fêste oanstelling, it tal faktydskriften is lytser wurden en fan de útwikseling fan ideeën tusken ferskate universiteiten komt neffens de organisaasje net echt mear wat terjochte.

Deifoarsitter Rolf Bremmer, sels âld-professor Frysk oan de universiteit fan Leiden, fynt dat it heech tiid wurdt foar de opwurdearring fan de talestúdzjes. "As sels it Nederlânsk yn 'e nederklits sit, hoege je je net te ferwûnderjen dat it Frysk it dreech hat."

Bremmer fynt it fan it grutste belang dat der njonken Grins ek yn de Rânestêd in folweardige stúdzje Frysk bestean bliuwt. "Ik haw sels altyd in protte belangstelling fan studinten hân. Dat wiene faak gjin Friezen. It gie harren om niget oan de taal sels en ek oan myn fakgebiet âld-Frysk."

Minorities & multilingualism

Goffe Jensma is professor Frysk yn Grins. It Frysk wurdt dêr hjoed-de-dei oanbean as 'Frisian track', it ûnderdiel Frysk fan de ynternasjonale stúdzje 'Minorities & multilingualim'. Hy hat mei-inoar tsien studinten Frysk, mar stribbet nei 'ferbreding en ferjonging'. "Wy wolle ús no ek mear rjochtsje op net-Frysktalige studinten. Dy sille we dan yn it foarste plak yn de taal ûnderdompelje. Ferskate dielnimmers fan de stúdzje 'Minorities & multilingualism' wolle ek wol Frysk dwaan."

Jensma wol fierder befoarderje dat ek studinten fan hiel oare stúdzjes, sa as letterestúdzjes, kolleezjes Frysk as byfak folgje kinne. "It tilt yn Grins fansels op fan de Friezen, dat ik gean derfan út dat dat ek wol wat opsmite sil."

Grutte belangstelling foar it deikongres oer de Frisistyk yn seal Sânwâlden fan de Fryske Akademy - Foto: Omrop Fryslân

Fardau Visser is studinte fan de 'Frisian track' oan de RUG, by professor Goffe Jensma. Yn har jier is se fuortendaliks de iennichste. Se fynt it in moaie stúdzje. "Je krije in soad oandacht en mei lytse groepkes diskusjearje we in soad." Mar neffens Visser is it imago fan de stúdzje net goed. Se fynt it heech tiid wurden dat dêr wat oan dien wurdt.

Willem Duijff is dat hielendal mei har iens. Hy is studint European stúdzjes, Dútsk en Sweedsk, mar folget ek kolleezjes Frysk as byfak. "It is in belangrike en hiele moaie stúdzje, mar der moat folle mear reklame foar makke wurde. Dat is ek nedich, want oars strûpt it Frysk der ûndertroch."

Mei it fak giet it dus net goed, mar mei it kongres wol. De Fryske Akademy liet tongersdei al witte dat de kongresdei hielendal fol sitte soe. Der binne koarte bydragen fan de professoaren Henk Meijering, Jarich Hoekstra, Goffe Jensma en Arjen Versloot, en fierder ek presintaasjes fan Anne Tj. Popkema, Anne Merkuur en Ernst Bruinsma en ta beslút in rûnetafelpetear mei Harmen Akerboom, Henk Wolf, Hanny Elzinga en Ton van der Wouden.

Emiritus-professor Henk Meijering yntrodusearre himsels as 'de boreale mammoet' fan de frisistyk - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)