Gemeente Ljouwert past nei 200 jier it wapen oan en komt mei nije flagge

29 mrt 2019 - 14:01

De gemeente Ljouwert hat in nij wapen. It wapen is net folslein omsmiten, mar it giet om in saneamde 'fermeardering'. Dêrby wurdt it skyld feroare, net de pronkstikken dêromhinne. De oarspronklike flagge ûntstie nei de fúzje fan de gemeente Ljouwert mei in grut part fan de âld-gemeente Boarnsterhim. De gemeente Ljouwert woe it wapen ûnder oare feroarje fanwege it Kulturele Haadstêdjier.

It nije wapen fan de gemeente Ljouwert - Foto: Gemeente Leeuwarden

Op it nije wapen komme twa skildhâlders te stean. Links de reade liuw fan de famylje Van Burmania en rjochts it reade hart fan de famylje Van Cammingha.

It plan wie om it wapen nei de fúzje fan 2014 net te feroarjen. Ljouwert seach yn 2015 lykwols ferskate redenen om it wapen dochs oan te passen. Sa fûn de gemeente dat de weryndielings fan 2014 laat hiene ta in nij 'publykrjochtlik rjochtspersoan'. In oare reden wie dat it hjoeddeistige stedhûs yn 2015 trijehûndert jier bestie. De tredde reden wie dat Ljouwert doe krekt ferkeazen wie ta Kulturele Haadstêd.

Skiednis

Goed twa iuwen werom waard yn opdracht fan kening Willem I by de Hege Ried fan Adel yn it nije keninkryk alle gemeentewapens fêstlein. Ek de doetiidske boargemaster fan Ljouwert, mr. Bernardus Buma, stjoerde de fereaske stikken yn. Buma omskreau it wapen as: "een Gouden leeuw op een hemelsblauw Veld, vercierd met een burgerkroon."

Hy stjoerde lykwols twa ôfbyldingen yn, dy't wat fan inoar ferskilden. Sa stie op de iene ôfbylding de sturt fan de liuw nei binnen ta krolle en by de oare nei bûten ta.

Yn 1815 waard noch gjin beslút naam. Yn 1818 omskriuwt de Hege Ried fan Adel it wapen fan Ljouwert as: "een gouden leeuw op een blauw veld." Dêrby stie de ôfbylding mei de sturt nei binnen ta krolle, mar der bleau ûndúdlikens oer hokker wapen no it juste wie. De nei bûten kroljende sturt en dy nei binnen ta, bliuwe op ferskate gemeentlike bouwurken foarkommen.

Foto: Omrop Fryslân

Proses

Yn oktober 2014 hat de Fryske Rie foar Heraldyk (FRH) in advys opsteld foar it oanpassen fan it wapen. Dat wie eins in werhelling fan in advys út 1985, dat opsteld waard nei oanlieding fan it 700-jierrich bestean fan de stêd. Der wie yn dy tiid noch net ien dúdlik wapen:

In blauw een gouden leeuw, de top van de staart naar binnen gekruld. Het schild gedekt met een gouden kroon van vijf fleurons, gevoerd van rood. Schildhouders: rechts een rode leeuw; links een klimmend rood hert, de schildhouders uit de wapens van Burmania en Cammingha. Het geheel geplaatst op een piëdestal bestaande uit drie aaneengesloten groene terpen (heuvels).

Dit advys waard yn july 2015 troch it Kolleezje foarlein oan de Hege Ried fan Adel (HRvA) yn Den Haag. Dy fûn dat de gemeente Ljouwert genôch reden hie foar in fermeardering fan it wapen, fanwege LF2018 en de rol fan Ljouwert as haadstêd fan Fryslân. De HRvA stimde dêrmei yn mei it foarstel fan de FRH, mei útsûndering fan de fiif 'fleurons'.

It foarstel foar it nije wapen waard dêrmei:

In azuur een gouden leeuw, de top van de staart naar rechts gekruld. Het schild gedekt met een gouden kroon van drie bladeren en tweemaal drie parels en gehouden door een rode leeuw en een klimmend rood hert, staande op een grasgrond.

Foto: Omrop Fryslân

Flagge

In nij wapen betsjut ek in nije flagge. Inkelde jierren lyn hat in groep inisjatyfnimmers in ûntwerp makke foar in nije flagge foar de gemeente Ljouwert. De flagge is basearre op it wapen fan Ljouwert. In oar útgongspunt foar it ûntwerp wie de ferbining tusken Ljouwert as wichtichste plak yn it âlde distrikt Oostergo.

It wapen fan Oostergo hat fiif read-wite banen. De reade en wite kleur fan de fertikale banen ferbine sa de âlde Liuweflagge mei it gruttere gehiel fan it âlde distrikt. Ek de ferbining mei Westergo kin fûn wurde yn de flagge. It gebiet hie in flagge mei blau, giel en swart.

(advertinsje)
(advertinsje)