Plysje freget tips oer agressive ynbrekker yn Surhústerfean

De plysje siket ynformaasje oer in ynbrekker dy't twa wiken lyn in man delslein hat, doe't dy him op 'e died trappearre. De dieder waard sjoen doe't er ynbruts by in hoarekasaak oan De Kolk yn Surhústerfean.
Doe't er wer nei bûten kaam en de tsjûge him beetpakte, sloech de ynbrekker it slachtoffer tsjin de holle en naaide er út. Op bylden fan in bewakingskamera is it gesicht fan de ynbrekker net te sjen, mar wol syn klean.
De plysje freget minsken dy't tinke dat se de man werkenne, om harren te melden. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de plysje.