Jimmy Tuinstra: "Als ik nu hier weer sta, dan krijg ik die glimlach en dat gevoel weer terug"

29 mrt 2019 - 13:41

Ferline jier waard hy sânde en dit jier wol hy dat sels ferbetterje. IIsspeedwayer Jimmy Tuinstra fan Tsjummearum is woansdei 18 jier wurden, hy wie dit jier de jongste dielnimmer ea oan it wrâldkampioenskip en hy hopet himsels te ferbetterjen by de Roelof Thijs Bokaal. Foarich jier sei hy dat hy foar in poadiumplak giet. "Oh, ja, nou ja, dat is wel het streven ja."

"Ik ga mezelf niks verwijten als het niet lukt, maar we gaan er wel voor." Sa giet Jimmy Tuinstra fierder oer syn kânsen tidens de Roelof Thijs Bokaal. Neffens heit Johnny is it wol realistysk. "It sit der wol yn. As hy syn dei hat en as hy net te happich wurdt, dan kin it."

Jimmy helle twa wiken lyn foar it earst it WK yn Inzell. Hy wie reserve en mocht meidwaan, omdat in Rus blessearre ôffoel. "Maar het was moeilijk. Te gretig, zoals mijn vader zegt. De motor werkte niet goed met mij samen. Ik ben zaterdag drie van de vijf heats gecrasht. Tweede dag was ik wel wat beter en ik ben wel trots op mijn veertiende plaats (fan de sechstjin, red.). Ik had wat strijd met mezelf en met de motor."

Soan Jimmy en heit Johnny altyd ûnderweis

Dat Jimmy bekend wurden is mei dizze sport is net sa gek. Syn heit wie jierrenlang de bêste Nederlanner en ried meardere WK's mei. Tuinstra is yntusken 49 en seach al gau dat syn soan de sport ek leaf hat. Tuinstra hat dan wol skoftenlang de bêste iisspeedwayer west, hy kaam net fierder as in 13e plak yn it einklassemint.

Wat kin syn soan yn de sport dy't dominearre wurdt troch Russen? "Hy is dit jier wat folwoeksener wurden. Mear krêft yn de earmen en fuotten. Dat is wol belangryk." Jimmy is woansdei krekt 18 jier wurden en dus mei hy no ek alkohol drinke. Mar dy grap parearret Johnny fuort. "Yn de winter hâldt him dêr ek echt oan. Net op stap en gjin drank. It is in serieuze sport en sa moatte je dêr ek mei omgean. Ik bin der ek serieus mei dwaande en dan wol ik ek dat hy dat ek is."

Net altyd serieus naam

Jimmy fielt dat de sport ek net altyd serieus naam wurdt. "Als ik mensen vertel dat ik aan ijsspeedway doe dan kijken ze me raar aan. Maar we steken er zoveel tijd in. Mensen hebben geen idee wat je moet doen om zoals dit jaar het WK te halen. Gisteren heb ik op mijn verjaardag ook niks anders gedaan dan staan sleutelen met mijn vader. In de winter worden we geleefd door deze sport. Dan zien we elkaar ook heel veel. Hoog niveau is hoog niveau en om daar te komen is erg moeilijk."

Foto: Omrop Fryslân

Roelof Thijs Bokaal

De Roelof Thijs Bokaal is ferneamd nei âld-iisspeedwayer Roelof Thijs. Thijs begûn yn 1974 en waard yn 1984 fiifde op it WK. Datselde jier is hy belutsen by in ferkearsûngemak. Hy rydt op syn motor op de iepenbiere dyk mei syn dochter. Se wurde beiden oanrieden troch in dronken automobilist. Se oerlibje it ûngemak, mar Thijs kin syn sport nea wer beoefenje.

De Roelof Thijs Bokaal wurdt sjoen as in moaie priis foar talinten of speedwayers dy't tsjin de top oan sitte. De races bestean út in knock-out systeem, wêrby't elke kear de lêste twa speedwayers ôffalle. Ek Simon Reitsma fan De Westhoek docht mei.

WK

Sneon en snein wurde de lêste twa heats fan it wrâldkampioenskip ferriden. It WK bestiet út in rige fan tsien heats ferspraat oer fiif wykeinen. Sûnt 1973 is der altyd in WK-wedstriid yn Nederlân. Dat wie altyd yn Assen, mar de iisbaan waard yn 2016 sloopt. Yn 2017 naam Thialf it plak fan Assen oer.

Noch nea waard in Nederlanner wrâldkampioen. De sport wurdt dominearre troch Russen. Sûnt 1966 wûn hast altyd in Rus. Fjouwer kear wûn in Sweed, twa kear in Tsjech en ien kear in Fin. It is in populêre sport yn kâlde gebieten dêr't de speedwayer op natueriis ride kin.

De top fjouwer fan it klassemint binne alle fjouwer Russen, wêrtroch de kâns grut is dat der dit jier wer in Rus wrâldkampioen wurdt. Neist Tuinstra docht ek Jasper Iwema út Drinte mei.

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)