Swimtalint Marrit Steenbergen makket rentree

29 mrt 2019 - 13:01

It moast fan fier komme, mar de rentree fan de swimster Marrit Steenbergen komt deroan. Mooglik docht de 19-jierrige Friezinne kommende wike al mei oan de Swim Cup in Den Haag.

Foto: www.orange-pictures.nl

"Het talent van Marrit is overduidelijk aanwezig. Ik denk dat ze terugkomt, maar het is een project wat tijd nodig heeft", seit haadcoach Marcel Wouda oer Steenbergen.

Yn 2016 die Steenbergen mei oan de Olympyske Spelen fan Rio de Janeiro. De talintfolle swimster waard sjoen as de opfolger fan Ranomi Kromowidjojo, mar krige in blessuere oan it skouder. Dêrneist moast se har middelbere skoalle noch ôfmeitsje. Dêrtroch moast se de ôfrûne twa jier alle grutte toernoaien oerslaan.

Sûnt septimber is Steenbergen wer oan it trainen. "We hebben haar trainingsbelasting opgevoerd van 10 naar 34, 35 kilometer per week. Dat is vergelijkbaar met de rest. Haar lichaam kan dat nu aan. Dinsdag hakken we de knoop door of ze van start gaat in de Swim Cups in Den Haag en Eindhoven. Ik verwacht dan geen wonderen van haar, het zou al mooi zijn als ze kan starten. Ik ben heel blij dat we haar weer in balans aan het krijgen zijn", seit Wouda. "Het is jammer dat het veel langer duurt dan we gehoopt hebben, maar ze is er nog."

(advertinsje)
(advertinsje)