Patricia Klomp folget Heeringa op as 'regio-oanjager'

Patricia Klomp (46) folget Douwe Gerlof Heeringa op as saneamde 'regio-oanjager' foar de stichting Bestimming Noardwest. Heeringa die it wurk sûnt 2015, mar hold der yn jannewaris mei op. Dat kaam troch dat Heeringa nei eigen sizzen struktureel tsjinwurke waard troch in amtner fan de gemeente Ljouwert.
© Bestemming Noardwest
Syn opfolger Klomp wurke de ôfrûne acht jier as manager by it parse- en ynformaasjesintrum fan LF2018.
De regio-oanjager fan Bestimming Noardwest moat organisaasjes, ûndernimmers, ûnderwiis en oerheden mei-inoar ferbine en is ferantwurdlik foar de regiomarketing dêr.