Opposysje Achtkarspelen komt mei 'moasje fan treurnis' om sosjaal domein

29 mrt 2019 - 11:54

De folsleine opposysje yn de gemeenteried fan Achtkarspelen hat syn nocht fan de drege gong fan saken by it sosjaal domein dêr. De fraksjes fan FNP, PvdA, GrienLinks, PVV en riedslid Rinus Buising, dy't in wike lyn út koälysjepartij GBA stapte, tsjinnen in 'moasje fan treurnis' yn.

It gemeentehûs fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de eagen fan de opposysje docht it kolleezje fan boargemaster en wethâlders it op ferskate mêden net goed: der binne gjin konkrete plannen, gjin rezjy en finansjeel giet fan alles ferkeard, sei Maaike Dotinga-van der Veen fan de FNP.

Spul oer de kosten

It kolleezje wol de 'jeugd- en doarpeteams' gearfoegje. Ein febrewaris rûn it beslút dêroer grutte fertraging op, nei't der spul wie oer de kosten. Wethâlder Margreet Jonker hie it dêrby dreech, om't se de ried net op tiid ynformearre hie. It kolleezje woe in kredyt fan 127.500 euro foar de plannen. Uteinlik waard it 100.000 euro, want de opposysje fynt ekstra ynvestearringen ûnfoech, om't yn it koälysje-akkoart ôfsprutsen wie allinnich binnen it besteande budzjet saken te dwaan.

De koälysjepartijen wiene it net iens mei de moasje fan treurnis. Dy helle it dus ek net. Wethâlder Harjan Bruining sei dat it sosjaal domein komplekse matearje is. "Daardoor is het niet altijd goed in controle."

(advertinsje)
(advertinsje)