BoskwachtersLab Appelskea moat bern entûsjast meitsje oer natuer

29 mrt 2019 - 10:45

Yn de eardere bioskoop fan it Bûtensintrum fan Steatsbosbehear yn it Drintsk-Fryske Wâld komt in BoskwachtersLab. It BoskwachtersLab, dat moandei iepene wurdt, moat bern entûsjast meitsje oer de natuer.

Neffens boskwachter Wenda Kloen paste de bioskoop út 2001 net langer by it boadskip dat Steatsboskbehear oer it nasjonale park útdrage woe. Dêrom is socht nei in nije ynfolling fan de romte.

Troch dy as lab yn te rjochtsjen, wol Steatsboskbehear minsken de natuer dy't bûten te sjen is, binnen belibje litte. Yn it lab hinget in grutte kaart en der stean tafels en rekken dêr't bern bysûndere fynsten út de bosk útstalle kinne.

Ek binne der virtual reality-brillen foar de bern. "We leren ze hier kijken. Wanneer je dat leert, dan zie je buiten veel meer dan wanneer je dat niet leert", leit Kloen út.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Freed wurdt de lêste hân lein oan de ferbouwing. Op moandei 1 april wurdt it Lab offisjeel iepene.

Ferslachjouwer Remco de Vries wie yn it Boskwachterslab

(advertinsje)
(advertinsje)