Bou Pathé Ljouwert set yn maaie lang om let útein

29 mrt 2019 - 10:04

De earste wurksumens oan de nije bioskoop fan Pathé sille yn maaie fan dit jier úteinsette. It nije gebou fan de bioskoopketen sil oan it Ruterskertier komme. De iepening fan de bioskoop stiet pland foar it lêste fearnsjier fan 2020. De bou fan it teäter soe oarspronklik úteinsette yn jannewaris 2018, mar fanwegen in gat yn de begrutting waard dy stillein.

Jacques Hoendervangers, algemien direkteur fan Pathé: "We zijn zeer verheugd te kunnen bevestigen dat de bouw van Pathé Leeuwarden in mei van start gaat. Uiteraard betreuren wij de opgelopen vertraging van dit project, maar we kijken nu samen met alle betrokken partijen met een positieve blik vooruit. Met de realisatie van dit prachtige nieuwe theater gaan we alle bewoners de mogelijkheid bieden om te genieten van de meest optimale bioscoopervaring."

Foto: Pathé

Pathé Ljouwert sil realisearre wurde tusken de Stedsskouboarch en it Gerjochtshof oan it Ruterskertier. It teäter sil bestean út sân sealen mei sa'n tûzen stuollen, ferdield oer twa ferdjippings.

"De bou fan Pathé yn it Harmonykertier is in goede ympuls foar it gebiet", seit Friso Douwstra, wethâlder fan de gemeente Ljouwert. "Dêrom bin ik bliid dat dit foarjier úteinsetten wurde sil mei de bou. Ljouwert krijt der in prachtich gebou by."

Oare bioskopen yn de stêd

By it nije Cambuurstadion op it WTC-terrein soe ek in grutte bioskoop komme. Dat hat neffens Hoendervangers no gjin doel mear: "Pathe heeft bijna overal een regionale functie. En zeker met zo'n grote bioscoop heb je een grote regionale aantrekkingskracht", seit er. "Daarom zou het heel raar zijn als je een net zo'n grote bioscoop een paar honderd meter verderop neerzet, wat mij betreft."

Yn 2016 en 2017 striden de Ljouwerter bioskopen Tivoli en Cinema noch tsjin de komst fan Pathé yn Ljouwert. Ein 2017 naam Pathé de twa bioskopen oer. Dat wie in wichtige stap nei de realisaasje fan de gruttere Pathé-bioskoop. Wat der aanst mei de twa lytsere bioskopen barre sil, wit Hoendervangers noch net: "We willen eerst even kijken hoe dit gaat. We hebben ons heel erg gefocust op de herstart van de bouw. Hoofdstuk twee begint nu."

Algemien direkteur Jacques Hoendervangers fan Pathé

(advertinsje)
(advertinsje)