Dichter Geart Tigchelaar fytst nei Skotlân foar poëzyfestival

29 mrt 2019 - 09:35

De Fryske dichter Geart Tigchelaar sil yn april op de fyts nei Perth yn Skotlân om dêr op it poëzyfestival Soutar Festival of Words te fertellen oer de oerienkomsten tusken it Skotsk en it Frysk.

Foto: Pieter Postma

Oanlieding dêrta is de gearwurking fan Tigchelaar mei de Skotske dichter David Eyre. De twa moeten inoar ferline jier op it ynternasjonale poëzyfestival StAnza yn St Andrews. Op de iepeningsjûn lies Tigchelaar twa Fryske fersen foar. Eyre siet yn de seal en wie ferheard oer hoefolle oft er neikomme koe.

It die bliken dat der in soad oerienkomsten tusken beide talen binne. Oer dy oerienkomsten en de besibbens sille Tigchelaar en Eyre fertelle, oan de hân fan it wurk fan Tigchelaar.

Dat sil barre yn it Perth Museum and Art Gallery op it Soutar Festival of Words. It festival duorret fan 26 oant en mei 28 april.

(Advertinsje)
(Advertinsje)