Reedrider Douwe de Vries ferlinget syn kontrakt by Team Jumbo-Visma

29 mrt 2019 - 08:41

Reedrider Douwe de Vries giet noch minimaal ien jier troch. De 36-jierrge allrounder hat syn kontrakt by Team Jumbo-Visma mei in jier ferlingd. De Feanster prestearre ôfrûne seizoen better as ea.

Foto: www.orange-pictures.nl

By de WK ôfstannen helle hy mei ploeggenoat Sven Kramer en Marcel Bosker de wrâldtitel op it ûnderdiel Team Pursuit. Hy waard foar it earst yn syn karriêre Nederlânsk kampioen allround, pakte by de NK ôfstannen de nasjonale titel op de Mass Start en notearre dit seizoen leafst acht persoanlike rekords.

Bêste seizoen ea

"Ik ha it ôfrûne jier myn bêste seizoen ea hân en sjen litten dat ik noch net fersliten bin. Dêrneist fyn ik it noch altyd geweldich om te reedriden en sportyf dwaande te wêzen. Fansels spylje de prestaasjes fan ôfrûne seizoen in wichtige rol yn myn kar. As it sa trochgiet, wolst noch wol in jierke troch", seit De Vries.

"Minsken sizze wolris datst dermei ophâlde moatst op dyn hichtepunt, mar wat is dyn hichtepunt? Ast op dyn 36ste noch like folle progresje boeke kinst. Wêrom soedest dat op dyn 37ste net kinne? Fansels ha ik de lêste tiid wol twivele oft ik trochgean moast, mar dat hie neat mei myn motivaasje te krijen. Neidat ik alles goed op in rychje setten hie, bin ik ta dit beslút kaam en ik wol der noch ien kear alles úthelje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)