Kollum: "Rjocht troch see"

29 mrt 2019 - 08:23

"Ik ha no al in wike lang fan alles oer de ferkiezings lêze kinnen en ik moat earlik sizze dat ik der net folle fan begryp. De partij fan de saneamde ekstreemrjochtse rasist, fassist en frou-ûnfreonlike Thierry Baudet hat nochal goede saken dien nei de lêste ferkiezings. Ik bin eins nea sa dwaande mei de polityk, mar hie him hjir en dêr al in pear kear foarby kommen sjoen. Doe't er yn Drachten wie, ha ik dêr west, mar it wie sa drok, ik koe de seal net mear yn.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

By de bar wie it ek wol gesellich en doe't Thierry letter mei syn oanhang yn it kafee kaam, stie der in lange rige minsken dy't wat fan him woene. Prate kin er wol, mar ik tink net dat er mei in hynstetrailer achterút ride kin en ik sjoch him ek net fierljeppen. Oan sokke dingen tink ik dan wer en ik bin altyd wol wat wantrouwend oangeande de polityk. Hoe demokratysk is ús demokrasy? Dat freegje ik my gauris ôf. En no't de stimmen teld binne en de útslach bekend is, falt my dat hiel bot ôf.

Links en rjochts meitsje elkoar foar rotte fisk út. Tsjinstanners diele massaal alles wat se ferkeard fine oan Baudet, lykas in 'frou-ûnfreonlik' stik út ien fan syn boeken. As hy beskriuwt dat froulju fan in bepaalde rûge manier fan seks hâlde is, krijt er dêr in hiel soad krityk op. Mar de boeken oer in miljonêr dy 't in skruten famke alle hoeken fan 'e keamer sjen lit en har it leafste mei in swipe op 'e bealch jout, binne net oan te slepen. En ek de films binne in grut sukses.

As Baudet in foto op sosjale media set wylst er beskaafd neaken by in swimbad leit, dan is er in narsist. Mar as DWDD jûns betiid in close-up foto fan in skriuwster yn tûzenen húskeamers bringt dêr't har keale poes op te sjen is, wylst se der in tampon úthellet, dan is it keunst. En as Madonna harsels op it poadium befrediget en healneaken mei de skonken wiid sit, dan is sy in rolmodel foar ús dochters.

Links en rjochts fleane alle kanten út mar in djiptepunt fûn ik û.o de opmerking: 'Volkert, waar ben je?' De tweets fan FVD-fraksjefoarstitter Annabel Nanninga oer de joaden en Hitler, binne ek net bepaald hiel taktysk, mar sels seit se dêroer dat dy út syn ferbân lutsen binne en dat it sarkastysk en grappich bedoeld wie.

Neffens my hast dan al in apart gefoel foar humor, mar dat ha se by de Luizenmoeder ek en dat fynt hja hilarysk. Hoe dan ek, ik wit it net. It liket my yn alle gefallen al in helsk karwei om dit lân te bestjoeren, omdat we mei elkoar op in rotonde sitte en hieltyd ús eigen rûntsjes ride, linksom of rjochtsom. It docht bliken dat elkenien it wer better wit, foar in oar bepaalt wat goed of fout is en sadwaande hawwe wy de iene botsing nei de oare.

Frijheid fan mieningsutering betsjut yn myn eagen datst dyn miening ferkundigje kinst, mar net datst dy optwingst en in oar de wet foarskriuwst . En dy Baudet moat him earst noch mar bewize. Dochs hat er my al op in idee brocht; Ik ha ek in swimbadfoto, fan 6 jier en 6 kilo lyn. Dus miskien kin ik ek hast wol yn 'e polityk.

Ik ha in foto en skriuw ek boeken fol mei seks. Ik gean allinnich net linksom of rjochtsom, mar rjocht troch see. En net ûnbelangryk; ik kin mei in hynstetrailer achterút ride."

(advertinsje)