Earste eksimplaren Graet Hylper Wordebook freed offisjeel oerlange

29 mrt 2019 - 07:49

It Hylpers is dan wol in Frysk dialekt, mar hat in eigen ûntjouwing trochmakke, sadat it hjoed-de-dei aardich fan it gewoane Frysk ôfwykt. Foar wa't wol wat help by it begripen fan it Hylpers brûke kin, is der no it Graet Hylper Wordebook. It wie muontsewurk en it duorre dan ek jierren, mar it mear as tûzen siden tellende wurdboek ferskynt freed.

Foto: Fryske Akademy

Der bestie al in Hylper Wurdboek, fan Gosse Blom út 1981, dochs is yn 2006 op de Fryske Akademy besletten om in nije en wiidweidiger ferzje te meitsjen. Nei jierren fan krewearjen ferskynt no lang om let it Graet Hylper Wordebook. De auteurs binne Gosse Blom silger en Siebren Dyk, mei stipe fan Wiebe Zoethout.

"De Hylpers hawwe in hiel eigen taal, kinne je hast wol sizze, en sy fine harsels en dy taal net werom yn in gewoan Frysk wurdboek. It hat fansels ek noch in oar doel: dit soart hiele lytse dialekten hat in net al te riante takomst. Se binne bedrige", leit Siebren Dyk út oer wêrom't it nije wurdboek wichtich is.

Siebren Dyk fan it Graet Hylper Wordebook

Sa'n 500 minsken soene noch Hylpers prate. "Op 'en doer is de taal bedrige en dan is it hiel goed dat je sa'n wurdboek hawwe en dat alles hiel goed fêstlein is. It is foar it kultureel erfgoed fan belang, mar ek foar de taalwittenskip. Dit wurdboek wurdt, mei ik hoopje, oer 500 jier noch hieltyd rieplachte."

Dyk hopet dat minsken it Hylpers troch it wurdboek mear brûke sille. It boek is neffens him net bedoeld om allinnich mar yn de kast te setten.

Auteur Gosse Blom is yn 2014 hommels ferstoarn. "Hy wie in echte Hylper. It is echt syn wurdboek, mar hy makket it net mear mei", seit Dyk.

Earste eksimplaren

De earste eksimplaren fan it wurdboek sille oanbean wurde oan Dirk Blom (broer fan auteur Gosse Blom), Jannewietske de Vries (boargemaster fan Súdwest-Fryslân) en kultuerdeputearre Sietske Poepjes.

(advertinsje)
(advertinsje)