Auto bedarret yn it wetter yn Jirnsum

29 mrt 2019 - 07:04

De helptsjinsten binne freedtemoarn om 6.00 oere hinne manmachtich útriden foar in auto yn it wetter oan de Grousterdyk yn Jirnsum. By de yngong fan it doarp wie in auto yn it wetter bedarre.

De brânwachten fan Grou en Ljouwert wiene oanwêzich, mar de bestjoerder wie sels al út de auto klommen en it doarp ynrûn op 'e syk nei in waarme dûs. Foar safier bekend hoegde hy net nei it sikehûs. Oft de mist fan freedtemoarn dermei de krijen hat, is net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok Jirnsum wetter
(advertinsje)