Binnen- en bûtenlânske jachtfleantugen te sjen by Frisian Flag

29 mrt 2019 - 06:50

Op de Fleanbasis Ljouwert begjint moandei de grutte ynternasjonale jachtfleanoefening Frisian Flag. Njonken Nederlân leverje fiif oare lannen tastellen. It giet om Poalen, Dútslân, Frankryk, Switserlân en de Feriene Steaten. It is foar it earst dat Switserske tastellen meifleane yn de oefening.

De tastellen geane twa kear deis de loft yn; moarns tusken 9.00 en 10.00 oere en middeis tusken 13.00 en 14.00 oere. Der wurdt foar in grut part oefene boppe de Noardsee yn it loftrom fan Nederlân, Denemarken en Dútslân. Dat wurdt dien om de oerlêst foar omwenners safolle mooglik te beheinen, seit Luitenant-kolonel Ronald van der Jagt. "We weten dat dit soort oefeningen extra overlast geeft. Daarom maken we iedere dag gebruik van dezelfde vliegtijden."

Net parkearje yn Marsum

De oefening lûkt ek altyd in soad taskôgers. De plysje en de Keninklike Maresjaussee hâlde strang yn 'e gaten oft eltsenien har wol oan de regels hâldt. Sa mei der no net mear parkearre wurde yn Marsum.

Van der Jagt: "We hebben daarover afspraken gemaakt met de spottersvereniging en de buurtverenigingen in Marsum. We gaan de bewoners daar ook bij helpen als het misgaat om zo die overlast zo goed mogelijk te beperken."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De needsaak fan dit soarte fan grutskalige oefeningen is der noch hieltyd. Piloaten profitearje neffens Van der Jagt bot fan de ûnderfining dy't se opdogge. "Dat hebben we onlangs wel gemerkt in de strijd tegen IS. Het is dan handig om te weten wat je coalitiepartner kan, wat hun mogelijkheden zijn. We hebben het er in het Midden Oosten veel aan gehad. Omdat je bekend met de werkwijze haal je betere resultaten."

Ek troch de tanommen spanning yn de wrâld is it fan belang sa te oefenjen, seit er. Majoar Bart, de supervisor fan de oefening, follet oan: "We kunnen nu twee weken droog oefenen. We vliegen samen en jonge piloten krijgen de kans ervaring op te doen. We zijn coalities aan het vormen met andere landen. Dat is later van groot belang."

Foto: Omrop Fryslân

As ûnderdiel fan de oefening wurdt op ferskate plakken yn de provinsje loftôfwar pleatst. It giet dan om raketsystemen. Der stiet sa'n wapen op oefenterrein Flyhors op Flylân en op in noch oan te wizen plak earne oars yn de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)