Dronken automobilist rydt tsjin beam yn Drachten

Yn de nacht fan tongersdei op freed is in automobilist oanhâlden op de Houtzaagmolen yn Drachten. Hy wie mei syn auto ta stilstân kaam tsjin in beam yn in gersfjildsje. De plysjes koene rûke dat de man drank op hie, wat nei in blaastest befêstige waard. De bestjoerder is earst behannele troch meiwurkers fan de ambulânse en dêrnei oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed.
© Srfotografie
By in ûngelok op de N381 tusken Nijeholtpea en Aldeholtpea is tongersdeitejûn de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke. De auto bedarre troch noch ûnbekende oarsaak yn de sleat neist de dyk. De bestjoerder is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. In berger hat de auto fuortsleept. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.