Ljouwerter âld-politikus Piet van der Wal ferstoarn

28 mrt 2019 - 22:29

De Ljouwerter âld-politikus Piet van der Wal (1946) is tongersdeitemoarn ferstoarn. Van der Wal wie 32 jier lang, mei ien ûnderbrekking, riedslid yn Ljouwert: fan 1972 oant 1988 en fan 2002 oant 2017. Hy hat in soad ynfloed hân op de ynrjochting fan de stêd.

Aksjefierder

Van der Wal wie bot belutsen by de ynrjochting fan Ljouwert. Yn de jierren '70 fersette er him tsjin de bou fan 'in sneldyk', in trochgeande brede dyk troch de Ljouwerter binnenstêd. Dêr soene gebouwen foar ôfbrutsen wurde moatte. Mei troch Van der Wal syn protesten hat Ljouwert no noch in histoaryske binnenstêd. Mei de protestbeweging Axies fierde er aksje tsjin de plannen fan de bestjoerders fan Ljouwert. Axies foarme letter mei inkele oare groepen it hjoeddeistige PAL/Groenlinks. Neist aksjefieren wie er yn 1973 ien fan de persoanen achter it ferneamde jongereinsintrum Hippo.

Riedslid

As riedslid fergadere Van der Wal net allinnich oer de plannen fan it kolleezje. Faak makke er sels ek plannen foar Ljouwert troch tekeningen of foto's te brûken. Sa hie er begelyks plannen foar it wer beweechber meitsjen fan de fêste Prins Hendrikbrêge, sadat de binnenstêd libbener wurde soe mei boatsjes. Ek wie er bot belutsen by de nije bestimming foar de Blokhúspoarte en it yn stân hâlden fan Sealen Schaaf.

Yn 2017 is troch Leendert Plaisier in boek oer Van der Wal skreaun ûnder de titel: "Piet van der Wal. Een open boek."

Foto: Omrop Fryslân

"Hy wie ien fan myn learmasters"

Neffens GrienLinks-fraksjefoarsitter Evert Stellingwerf hat Van der Wal in soad betsjut foar Ljouwert. "Hy koe in stimpel sette op guon ûnderwerpen. Lykas de aktiviteiten yn de jierren 70, de belutsenens by de binnenstêd. Piet en syn makkers wiene al dwaande mei de histoaryske pannen yn de binnenstêd foardat dat algemien mienguod wie by de bestjoerders fan de stêd."

Evert Stellingwerf, fraksjefoarsitter fan GrienLinks, oer Piet van der Wal

Stellingwerf hat sels ien perioade mei Van der Wal yn de ried sitten, fan 2013 oant 2017. "Ik kin wol sizze dat hy ien fan myn learmasters wie. Ik koe goed by him ôfsjen hoe't hy oan it wurk gie by de tarissings fan it riedswurk", fertelt er. "Hy wie bysûnder effektyf, want hy seach hiel goed hoe de saken yn elkoar stutsen, hoe't de mearderheden leine en hoe't hy wat foar elkoar krije soe."

(advertinsje)