Oalje op Noardsee by Teksel hielendal opromme

De oalje op it wetter fan de Noardsee by Teksel is hielendal opromme. Dat seit wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat. Oan it begjin fan tongersdeitejûn hat Rykswettersteat it lêste wurk dien en de opromaksje beëinige.
© Rijkswaterstaat
Rykswettersteat wol noch gjin oardiel jaan oer of it in echte miljeuramp is. Mar se binne wol fuortendaliks yn aksje kaam. "Dit spul heart net yn it wetter. Dêrom hawwe wy derfoar soarge dat wy it sagau mooglik opromme hawwe", seit Van der Meer.

Wa hat de oalje lost?

In grut baggerskip hat mei in sûch-earm de oalje fan it wetter helle. It is op it skip opslein en it wurdt nei de wâl brocht. Wa't de oalje op de Noardsee rinne litten hat, is net bekend. "We witte net wêr't de oalje weikomt. We hawwe meunsters naam en dy litte we analysearje. Op dizze wize hoopje we derachter te kommen wêr't it weikomt."
Sa hopet Rykswettersteat mear te witten te kommen, al kin de plysje ek ynskeakele wurde foar in ûndersyk. "Want oalje rinne litte op see mei fansels net", seit Van der Meer.
Anne van der Meer fan Rykswettersteat