Dupearde ynbraak tennisferiening: "Dit hoop ik niet snel weer mee te maken"

"Dit was een hele nare dag. Ik hoop dit ook niet snel weer mee te maken." Henk Berg, bestjoerslid fan tennisferiening LTC yn Noardwâlde is noch wat fan slach. Foar de twadde kear yn oardel jier is der ynbrutsen by syn tennisferiening.
ynbraken Noardwalde
Ek oan de oare kant fan de dyk, by kuorbalferiening Leonidas, is ynbrutsen. En in moanne lyn wie it ek al sa by de buorlju fan fuotbalferiening Olyphia. "Gisteren sprak ik nog met de buren. Ze zeiden: 'De volgende keer komen ze wel bij jullie'. Dat zou wel meevallen, dacht ik. We hadden immers extra camera's en lampen laten installeren. We hadden nooit verwacht dat het minder dan een dag later ook echt zou gebeuren", lit Berg witte.

Klûs is meinaam

De befeiligingskamera's binne allegearre stikken slein, krekt as de bûtenferljochting. De dieders woene net sjoen wurde. Dochs hat Berg in byld fan de twa ynbrekkers. "Ze hadden bivakmutsen op. We weten nu wel dat ze met twee man waren." Mear is der net te sjen, want alles is stikken.
De klûs, dy't ferstoppe siet achter in shirt fan de klup, is fûn en yn syn gehiel meinaam. Der siet sawat 400 euro yn. De echte skea leit lykwols in stik heger: "We hadden vandaag een hele dag een bouwbedrijf aan het werk om alle sloten te vervangen. De elektricien moet nog komen. De schade loopt in de duizenden euro's."