'Wetterkwaliteit better, kâns op meiswimferbod mei Van der Weijden lytser'

28 mrt 2019 - 18:20

De kâns op in ferbod op meiswimmen mei de alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden is dit jier folle lytser. Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân tinkt dat de wetterkwaliteit yn Fryslân dizze kear minder gau spulbrekker wêze sil. Ferline jier waard it meiswimmen op it lêste momint ferbean.

Maarten van der Weijden by Starum - Foto: Casper van Aggelen

Maarten Offinga oer it meiswimmen mei Maarten van der Weijden

De wetterkwaliteit fan de Fryske alvestêderûte wie ferline jier sa min, dat minsken net meiswimme mochten. Dit jier wol Van der Weijden opnij de alvestêdetocht swimme. En wer is it de bedoeling dat tûzenen minsken in stikje mei him meiswimme. De wetterkwaliteit kin fan dei ta dei feroarje. As der bygelyks tefolle poepbaktearjes yn it wetter sitte, kinne swimmers dêr siik fan wurde.

Ekstreem drûch jier is seldsum

"De kâns dat it no wol trochgiet is grut, want wy hawwe ferline jier in ekstreem drûch jier achter de rêch en dat komt net sa faak foar. De wettertemperatuer is in grutte faktor yn de ûntwikkeling fan baktearjes", seit Schaper dy't boezembehearder is.

De tocht fynt dit jier twa moannen earder plak as ferline jier: yn juny yn plak fan augustus. Dat kin ek gefolgen hawwe foar de wetterkwaliteit. Dy is oan it begjin fan de simmer heger as oan de ein. En oan it begjin fan de fakânsjeperioade binne ek minder wetterrekreanten en dus minder ekolybaktearjes yn it wetter (poepbaktearjes).

Smoarchwettertanks leegje

Schaper ropt de wetterrekreanten op om dochs foaral de smoarchwettertanks oan de wâl te leegjen, sadat de wetterkwaliteit goed bliuwt. Wetterskip Fryslân is al jierren dwaande om fan it boerelân minder meststoffen fan de polders yn de Fryske boezem te krijen. "Dêrneist hawwe wy mear en mear grip op de rioelearrings, alhoewol't hjir en dêr noch wol rioel-oerstoarten binne. Hoasbuien kinne wy net foarkomme, fansels. Dy kinne ek yn juny plakfine. Fierders litte wy Iselmarwetter by De Lemmer ynstreame en by Dokkumer Nije Silen wer útstreame, de Lauwersmar yn, om sa de Fryske boezem skjin te hâlden.

Kontrôle op hiele rûte

Wetterskip Fryslân kontrolearret de wetterkwaliteit altyd op swimplakken. Aansen by sa'n grut evenmint dêr't in soad minsken oan meidogge, lykas de alvestêdetocht mei Maarten van der Weijden, hinget it fan de fergunningferlieners ôf - de gemeenten dy't tastimming jouwe oan dit evenemint, oft se ek op oare plakken de wetterkwaliteit ûndersykje meie.

Schaper hat der safolle betrouwen yn dat er seker meiswimme doar, seit er sels. "Miskien in lyts stikje by de Murk. Dat is frij ticht by hûs."

(advertinsje)