Twa jier easke yn heger berop by deadlik 'hânremûngelok' Grins

28 mrt 2019 - 17:31

It Iepenbier Ministearje easket yn heger berop twa jier finzenis tsjin in 48-jierrige Grinzer, dy't belutsen wie by in ûngelok wêrby't de 35-jierrige Daniël Postema, spiler fan VV Waskemar, om it libben kaam. It fûnis fan de rjochtbank wie ien jier finzenis.

It plak fan it ûngelok yn Grins - Foto: RTV Noord

It ûngelok yn Grins waard feroarsake trochdat der oan de hânrem lutsen waard. It buske slipte en kaam tsjin de pilaren fan in spoarfiadukt. It Iepenbier Ministearje fertinkt de Grinzer derfan dat hy oan de hânrem luts. Hy ûntkent dat.

Hy soe by in feestje út it buske set wurde. Doe't dit net barde, gie er stean en hat syn hân op de hânrem lein, ferklearre er by in eardere sitting oer de saak. "Ik heb mijn handen op de handrem gelegd, niet om hem aan te trekken, maar misschien als grap. Later vond het ongeval plaats."

Eardere eask en útspraak

Ferline jier waard fjouwer jier finzenis en trije jier rydûntsizzing easke tsjin de man. De rjochter joech doe úteinlik ien jier finzenisstraf en de rydûntsizzing fan trije jier.

(advertinsje)
(advertinsje)