Tûzenpoat Wytse Dijkstra: "Lit jonge kreativelingen mear gewurde"

28 mrt 2019 - 17:19

De 22-jierrige Wytse Dijkstra út Ljouwert is drok mei poppoadium Asteriks en drumt yn ferskate bands. Hy hat syn oplieding folge oan de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert. Hy brûst fan de enerzjy, hy hat der sin oan. Sin om yn Ljouwert te bliuwen en hjir oan de slach te bliuwen.

It Kulturele Haadstêdjier sit derop. De keunst en kultuer yn Fryslân hawwe in flinke boost krigen. Mar is dat bliuwend? Om dit te ûndersykjen folget Omrop Fryslân dit jier ferskate jonge kreativelingen dy't der bewust foar kieze om yn Fryslân te bliuwen, om't se hjir kânsen sjogge.

Kânsen

Wytse sjocht kânsen. "Dat komt troch de leechte dy't hjir noch is. Dat kinst as eat negatyfs sjen, mar ik sjoch it just as kâns. Om't hjir noch net in soad is, hast in gruttere kâns fan slagjen. Ik tink dat Welcome to The Village yn Amsterdam miskien wol net fan de grûn kommen wie."

Dochs fernimt er dat net alles like maklik giet. Hy is ien fan de inisjatyfnimmers fan de Stadsoase fan foarige simmer. Dit wie in tydlik plak tsjinoer it stasjon mei in binnentún mei muzyk, keunst en in bar. Se hawwe in jier dwaande west mei fergunningen. "Ik hoopje dat de gemeente en provinsje soksoarte fan weardefolle bewegings wat mear gewurde lit. Dus net tefolle regels, dan barre der moaie dingen."

Foto: Omrop Fryslân

Wêr't ek noch in hiel soad te heljen falt, is it nachtlibben yn Ljouwert. Dêr wol Wytse mei oan 'e slach. "Ik wol ek in brûzjende stêd. Ik tink dat de nacht nije keunstfoarmen en gearwurkingen opsmite kin."

Wytse twivelet bytiden wolris oft er net nei Amsterdam of Grins wol, dêr't alles al goed foarelkoar is. "It soe swak fiele om no fuort te gean. Dat doch ik net."

Harkje nei de reportaazje oer Wytse Dijkstra

(advertinsje)