Boeren Noardeast-Fryslân nimme maatregels foar greidefûgels

28 mrt 2019 - 16:32

Om it tal greidefûgels, lykas skriezen, ljippen en tsjirken, groeie te litten, nimme goed 180 boeren fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden yn Noardeast-Fryslân maatregels. Sa sille sy fan 1 april ôf in perioade net meane en ek sille se gjin jarre yn de grûn spuitsje.

Foto: Joukje Broersma

Op in tal perselen sille de boeren fan 1 april oant 1 juny net meane en dat sille se útstelle as der op 1 juny noch troch fûgels yn it lân bret wurdt. Dat jildt ek foar stikken lân en rânen dêr't in soad krûden groeie. Yn dat soarte fan lân kinne jonge fûgels harren ferskûlje. Dêr sitte ek de ynsekten dy't de fûgels ite.

Ek sil in part fan de boeren gjin dong ynjektearje, mar rûge dong oer it lân útride. Dêrtroch wurdt de boaiem net oantaast en is der mear iten foar de fûgels.

Lân ûnder wetter

Earder namen boeren fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden ek al maatregels troch perselen ûnder wetter te setten. Albert van der Ploeg, foarsitter fan de feriening: "Samen met onze leden werken we op alle fronten aan het vergroten van de biodiversiteit in de Noardlike Fryske Wâlden. Daarbij zoeken we steun van de beleidsmakers."

De feriening hat hast 800 leden, dat binne benammen boeren en partikulieren dy't ynsette op agrarysk natuerbehear.

(advertinsje)