Uthingankers werom op Warkumer skippershuzen

28 mrt 2019 - 16:10

Twa huzen oan it Súd yn Warkum hawwe wer skippersankers oan de gevels. Eartiids hiene de huzen fan skippers yn de havenplakken om de eardere Sudersee hinne allegearre sa'n anker, in lyts ornamint oan de gevel. Dan koene jo sjen dat yn it hûs in skipper fan de grutte feart wenne.

Schippersankers terug op Workumer huizen

In soad fan sokke ankerkes binne yn de rin fan de tiid ferdwûn. Allinnich op It Amelân binne se noch te sjen. Mar der binne no wer tsien brûnzen ankerkes makke, nei foarbyld fan in ankerke út it museum op 'e Lemmer. It meitsjen fan de ankerkes is mei mooglik makke troch Stichting de Grote Zuidwesthoek. Dy stichting is oprjochte ta befoardering fan de kennis fan de Fryske keapfardij.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra yn petear mei Meindert Seffinga yn Warkum

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De famylje Tolsma en de famylje de Haas út Warkum binne de earsten dy't sa'n anker oan de gevel krije. "Hartstikke leuk", reagearret Tolsma. "Het is echt een aanvulling voor Workum en ons huis. Dat is namelijk een schipperswoning geweest."

De famylje De Haas hat ek in ankerke op it hûs krigen, want harren wente hat ek in skipperswente west.

Mear plakken

De stichting wol op mear plakken ankers oan de muorre hingje: "Ek op 'e Lemmer, yn Hylpen, Starum, Wâldsein, Makkum, Heech en Terherne wurdt sjoen nei de mooglikheden om de ankers op te hingjen. "In protte Friezen wurken ein 18e iuw yn de kustfeart", beslút Meindert Seffinga fan de stichting.

Foto: Bauke Deelstra, Omrop Fryslân
Trefwurden: 
huzen Warkum skipsankers
(Advertinsje)
(Advertinsje)