Dit binne de 43 Steateleden dy't ynstallearre binne

28 mrt 2019 - 15:35

De 43 Fryske Steateleden foar de perioade 2019-2023 binne ynstallearre. Fan dy 43 binne 28 nij. Ferlike mei fjouwer jier lyn is dat in grut ferskil: doe wiene der 19 'debutanten' en ien dy't weromkaam.

De measte nijkommers sitte fansels yn de fraksje fan Forum voor Democratie, dy't as partij nij komt yn de Steaten. Alle seis Forummers ha net earder yn de Steaten sitten.

'Gjin goede saak'

Dat der sa'n grut ferrin is, is neffens Teus Dorrepaal gjin goede saak. Hy siet tolve jier lang yn de Steaten foar it CDA en naam woansdei ôfskied. Dy fyftjin âlde leden krije neffens Dorrepaal benammen de earste moannen fierstente folle macht. "Zij hebben de kennis van de dossiers. Alle nieuwkomers hebben die niet." Dat is gjin goede balâns, fynt Dorrepaal.

Ferslachjouwer Eric Ennema wie by de ynstallaasje

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

De Steateleden dy't ynstallearre wurde, bliuwe net altyd yn de Steaten sitten. De partijen dy't yn ûnderhanneling binne mei ynformateur Harry van der Molen leverje de deputearren foar de Deputearre Steaten. Wa't dat wurde, is no noch net bekend.

CDA

  1. Sander de Rouwe
  2. Sietske Poepjes
  3. Johan Tjalsma
  4. Maaike Prins
  5. Aebe Aalbers
  6. Attje Meekma
  7. Rendert Algra
  8. Wieke Wiersma

Forum voor Democratie

  1. Maarten Goudzwaard
  2. Grite Wymenga-Kooistra
  3. Albert van Dijk
  4. Durk Dijkstra
  5. Erwin Jousma
  6. Johann Stellema

PvdA

  1. Marijke Roskam
  2. Hetty Janssen
  3. Edou Hamstra
  4. Douwe Hoogland
  5. Lilianne van den Broek
  6. Jaap Stalenburg

VVD

  1. Klaas Kielstra
  2. Avine Fokkens
  3. Marten Dijkstra
  4. Durk Pool

FNP

  1. Johannes Kramer
  2. Corlienke de Jong
  3. Sijbe Knol
  4. Sybren Posthumus

GrienLinks

  1. Matthijs Sikkes-van den Berg
  2. Charda Kuipers
  3. Elsa van der Hoek

ChristenUnie

  1. Wiebo de Vries
  2. Matthijs de Vries
  3. Dennis de Calonne

PVV

  1. Max Aardema
  2. Cees Riezebos
  3. Harrie Graansma

SP

  1. Michiel Schrier
  2. Hanneke Goede

D66

  1. Romke de Jong
  2. Bea Bijlsma

Partij voor de Dieren

  1. Rinie van der Zanden

50PLUS

  1. Theun Wiersma

Ferslachjouwer Eric Ennema wie derby

(Advertinsje)
(Advertinsje)