Boeren hantearje gifspuit: fjilden ferkleurje oranjegiel

Rûnom yn Fryslân falt it minsken op dat guon fjilden in oranjegiele kleur hawwe. De boeren hawwe dêr it fergif Roundup spuite om alles dea te meitsjen, sadat der gewaaksen, meastentiids mais, ferboud wurde kinne. It gebrûk fan it fergif, dat eleminten yn de grûn oantaast of ferneatiget, is kontroversjeel.
Mei gif wurdt dit lân klear makke foar nij sied © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Roundup is neffens guon ûndersiken kankerferwekkend en it makket de grûn minder fruchtber en de opbringst giet nei ûnderen. It túch dat bestriden wurdt, wurdt úteinlik ek noch resistint.
Boeren brûke it om gers of gewaaksen dea te meitsjen, dy't se yn de winterperioade ynsiedde hawwe. Sa seit de boere-organisaasje LTO. Dat dogge se om de grûn te ferbetterjen of om nitraat op te fangen dat oars yn it grûnwetter ferdwynt. It gif moat it makliker meitsje om no wer te siedzjen foar de risping fan dit jier.

Net sûnder

Boeren sizze dat se net sûnder Roundup kinne om ekonomyske redenen, mar it Sintrum foar Lânbou en Miljeu (CML) seit dat der genôch alternativen binne, lykas mei de ploech of oare meganika.
Kweekgers en âlde ierappelplanten kinne neffens de LTO net oars as mei fergif bestriden wurde en Roundup is goedkeap. It middel is al jierren in soad om te dwaan. Dochs hat de Europeeske Uny it gebrûk derfan foar agraryske tapassingen yn 2017 mei fiif jier ferlinge.
© ANP
De wurksume komponint fan Roundup is glyfosaat. Yn it oerflakwetter yn Nederlân komt glyfosaat al jierrenlang foar boppe de noarm, meldt it CML. It is dreech en in soad wurk it drinkwetter glyfosaatfrij te meitsjen.
Foar túchbestriding yn stêden en doarpen is it middel ferbean. Yndirekt hat it in negative ynfloed op ynsekten, omdat Roundup ek planten deamakket om de ikkers hinne, dêr't bygelyks bijen op ôf komme.