Noch hieltyd soad ynbraken yn Noardwâlde

28 mrt 2019 - 15:08

Ynbrekkers yn Noardwâlde hawwe tongersdeitemoarn foar in soad skea soarge. Earder dizze moanne waard al ynbrutsen by fuotbalferiening Olyphia en deibesteging Spokedam.

Befeiligingskamera yn de dakgoate by Leonidas - Foto: Lourens Looijenga

Tongersdei wie it ûnder oare raak by tennisklup LTCN. Dêr is in rút fuort helle, binne alarmsystemen útskeakele en is in klûs mei in pear hûndert euro leechhelle.

Ynbrekkers kamen ek wer by Spokedam. Dêr waard op 3 maart foar sa'n 20.000 euro oan masinen bút makke. Diskear wie it in seekontener en twa fytsen.

Leonidas al fjouwer kear

Kuorbalferiening Leonidas waard foar de fjirde kear sûnt 2016 it slachtoffer fan in ynbraak. In rút fan de keuken is iepenbrutsen. De kuorbalferiening mist neat, dus it liket derop dat se neat fuort helle ha. Wol binne de nije garaazjedoarren iepenbrutsen en is it slot fernield.

Trefwurden: 
ynbraak skea Noardwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)