Modelspoarmuseum Snits wol ferhúzje nei bedriuweterrein De Hemmen

28 mrt 2019 - 15:05

It Modelspoarmuseum yn Snits hat serieuze ferhúsplannen. It museum sit no noch yn in part fan it Snitser stasjon, mar dat wurdt fierstente lyts foar de populêre trekpleister. Museummanager Jan Willem van Beek hat syn each no falle litten op in folle grutter bedriuwspân op yndustryterrein De Hemmen.

Modelspoarmuseum Snits wol ferhúzje nei bedriuweterrein De Hemmen

Ferslachjouwer Onno Falkena wie by it Modelspoarmuseum

It museum ferwachtet op it nije plak te groeien nei sa'n 30.000 besikers. Der is dêr binnen- en bûtendoar folle mear romte om te groeien, mar it museum sit dan wol wat fierder fan it sintrum en net mear oan it spoar.

Van Beek tinkt net dat it museum besikers kwytreitsje sil as it aanst net mear mei it spoar ferbûn is. "We hebben getoetst: bijna 95 procent komt met de auto."

Materiaal yn opslach

De reden foar it ferhúzjen is dat it museum in soad spullen hat dat it no net sjen litte kin. "We hebben zoveel materiaal in opslag staan en er staan projecten aan te komen. Dat neemt zoveel ruimte in beslag, dat kunnen we hier onmogelijk laten zien", fertelt museummanager Jan Willem van Beek.

It Modelspoarmuseum sit al trettjin jier op de hjoeddeistige lokaasje. Neffens Van Beek is it in gebou dat pipet en kreaket, mar meie se der neat oan dwaan, omdat it beskerme pân is. "We kunnen gewoon niet uitbreiden."

It hjoeddeistige gebou fan it Modelspoarmuseum - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Foar in nije start freget it museum om ekstra jild fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Wethâlder Stella van Gent fan Súdwest-Fryslân hat wol wurdearring foar de ambysjes fan it Modelspoarmuseum. De gemeente sil planologysk meiwurker wurde en wol it museum ek wol in 'ferhússubsydzje' jaan om in nije start mooglik te meitsjen, mar de wethâlder fielt net folle foar it ferheegjen fan de strukturele subsydzje.

"Op voorhand niet voor een hogere structurele subsidie"

"Het museum is ontzettend goed bezig. Ik vraag me echt af of het niet mogelijk is om zo'n museum op commerciële basis te exploiteren. Als dat echt niet lukt, kunnen ze met ons gesprek in gesprek gaan, maar op voorhand ben ik niet voor een hogere structurele subsidie." De wethâlder heakket deroan ta dat it fansels oan de gemeenteried is om hjir in beslút oer te nimmen.

Se hopet yn alle gefallen dat it museum foar Snits te behâlden wurde kin. "Ze zijn hier geworteld. Ze zijn klein begonnen en enorm gegroeid. Als ze weg willen kan ik ze niet tegenhouden, maar ik laat ze zeker niet zomaar gaan."

De mooglike nije lokaasje fan it Modelspoarmuseum - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Wethâlder Stella van Gent oer de plannen fan it Modelspoarmuseum

Van Beek hoopt lykwols dat de gemeenteried dêr oars oer tinkt. "Ik hoop dat we met elkaar tot een besluit kunnen komen hoe we het museum voor Sneek kunnen behouden en dat daar ook een financiële bijdrage tegenover staat." As dy stipe der net komt, tinkt it museum deroer nei om te ferhúzjen nei in oare gemeente.

Kommende wike is der in riedsgearkomste. Van Beek hopet de stikken op koarte termyn oan de riedsleden oanbiede te kinnen. "Er is een deadline voor het pand waar we oog op hebben en als die niet gehaald wordt, dan krijgt het pand een andere bestemming. Dat zouden we zeer jammer vinden, want dan staan we weer op nul."

Nij museum

"Er komt een groter museum. Een museum dat breed georiënteerd wordt. We gaan de geschiedenis van Fryslân uitbrengen van 1900 tot nu. Ook komen er meer activiteiten voor kinderen", fertelt Van Beek.

Neffens him kin de gemeente Súdwest-Fryslân it museum net misse. "We brengen een structureel aandeel toeristen. Het zou een slag voor Sneek zijn als wij hier zouden verdwijnen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)