HEA! Liesbeth is de sterkste havenmaster fan Skylge

28 mrt 2019 - 14:31

Om havenmaster Liesbeth de Haan fan Skylge kinne je net samar hinne. Mei har twa meter en grut bosk read hier is se in opfallende ferskining. En se is ek nochris de sterkste frou fan it eilân. By in wedstriid sette se spontaan in Nederlânsk rekôr op it ûnderdiel Farmerswalk. Liesbeth docht no ek mei oan nasjonale 'Sterke vrouw'-wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)