Trije moanne jongereindetinsje foar Appelskeaster kopskopper

In 18-jierrige ynwenner fan Appelskea is tongersdei troch de rjochtbank ta trije moanne jongereindetinsje feroardiele. Yn oktober fan ferline jier soe de man in oare Appelskeaster mei syn klomp tsjin de holle skopt hawwe.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Dy mishanneling fûn plak op de Boerestreek yn it doarp. Neffens de rjochtbank hat de man it slachtoffer ferskate keren tsjin de holle oanskopt mei syn klomp. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne oan syn lip, der sieten tosken los en ien tosk wie brutsen.
De rjochter nimt it de dieder kwea ôf dat hy it slachtoffer oan syn lot oerlitten hat. "Hij heeft geen enkele verantwoordelijkheid voor zijn gedrag genomen" sa skriuwt de rjochtbank yn it fonnis.