Sander Arends nei heale finale yn Saint-Brieuc

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat de heale finale berikt fan it challengertoernoai yn it Frânske Saint-Brieuc. Tegearre mei syn maat Tristan Samuel-Weissborn wie hy mei 6-4, 7-6 (5) te sterk foar Dan Added en Albano Olivetti út Frankryk.
© www.orange-pictures.nl
It Nederlânsk-Eastenrykse duo hie yn de earste set oan ien break genôch. Yn de twadde set krigen Arends en Weissborn by in stân fan 4-5 twa setpoints tsjin, mar dy wisten se fuort te wurken. Ek by in stân fan 5-6 wist it koppel twa setpoints fuort te slaan.
Yn de beslissende tiebreak makke Arends mei in knappe backhand it winnende punt. De tsjinstanners yn de heale finale binne noch net bekend.