Kluptopskoarer Van Kippersluis ûntbrekt by SC Cambuur

28 mrt 2019 - 14:01

SC Cambuur spilet freed sûnder kluptopskoarer Kevin van Kippersluis. Hy is al in oantal dagen siik en wurdt tsjin Almere City ferfongen troch Andrejs Ciganiks. Matthew Steenvoorden komt werom fan in skorsing. Dat giet ten koste fan Emmanuel Mbende. Fierder wiziget trainer René Hake neat yn syn opstelling.

Foto: Orange Pictures

Dizze wike hawwe de Ljouwerters petearen hân mei spilers oer it wol of net ferlingjen fan it kontrakt. Leafst tsien spilers binne dwaande oan harren lêste seizoen. Dat wie tongersdei wol te fernimmen yn syn ploech, neffens Hake. "De één oogt wat teleurgesteld, de ander oogt wat rustiger. Dat is normaal. De jongens moeten laten zien dat ze daar wel mee kunnen omgaan. Daar heb ik alle vertrouwen in."

Trainer René Hake sjocht foarút

Tsjinstanner Almere City stiet twa plakken ûnder Cambuur, mar hat likefolle punten. Tusken de nûmers seis en fjirtjin yn de earste difyzje sit mar trije punten. En dus is it belang fan de wedstriid dúdlik. "Het is een grote tombola. Elke week wisselt het. Dat zal tot het eind van het seizoen blijven", fertelt Hake. "De reeks waarin we zitten, moeten we proberen een goed vervolg te geven."

Matthew Steenvoorden

Ien fan de spilers dy't te hearren krigen hat dat syn kontrakt net ferlinge wurdt, is Steenvoorden. "Het is wel balen. Ik heb hier drie mooie jaren gehad. Maar ik ben ook wel toe aan wat nieuws."

Steenvoorden heart mei syn 26 jier by de rûtiniers. Hy koe goed omgean mei de lestige meidieling, mar foar guon ploechgenoaten wie dat dreger. "Voor de jongere jongens is het wel moeilijk. Gisteren zaten we allemaal te wachten en moeten we na elkaar naar het kantoor. Dan zie je aan sommige jongens dat ze er doorheen zitten. Maar we moeten de knop omzetten", seit de ferdigener, dy't freed dus wer yn de basis stiet.

Cambuur kin in goeie slach slaan op de ranglist, sjocht ek Steenvoorden. "Almere kun je afschudden. Vorige week hebben we dat met Volendam gedaan en dat doen we morgen met Almere."

(Advertinsje)
(Advertinsje)