Jouster ôfparse mei bleatfoto's: 15 moanne sel easke

28 mrt 2019 - 13:17

Tsjin in 20-jierrige man út Den Haach is fyftjin moanne sel, wêrfan fiif ûnder betingst, easke foar it ôfparsjen fan in man út De Jouwer. De man soe fia de datingapp Tinder om bleatfoto's fan de Jouster frege ha en dêrnei jild easke om foar te kommen dat de man de foto's publisearje soe.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De man út Den Haach soe him op Tinder foardwaan as in frou. Nei't hy kontakt krige mei de Jouster stjoerde de man de Jouster bleatfoto's fan in frou en frege de Jouster om itselde te dwaan, mei foto's fan himsels. Dêrnei begûn it ôfparsjen. De Hagenees drige de foto's te ferstjoeren nei freonen en famylje, as de Jouster him net betelje soe.

De Jouster hat de man út Den Haach sa'n 500 euro betelle. Ek soe de Jouster net it iennige slachtoffer wêze. Yn 2017 soe de fertochte, Ousassim el Y., ek al minsken op like wize ôfparse ha, dêr is er doe ek al foar feroardiele.

Neffens de advokaat fan de fertochte is der misbrûk makke fan de man; in oar soe syn bankrekken brûkt ha. Ek soe de man ferstanlik beheind wêze .

De útspraak is op 10 april.

(advertinsje)
(advertinsje)