Boargemaster Wassink oer de oaljeflek yn de Noardsee: "Dit zou niet moeten kunnen, maar toch gebeurt het"

28 mrt 2019 - 13:04

De Waadferiening set grutte fraachtekens by it opromjen fan de oaljeflek op de Noardsee. Op de Noardsee westlik fan Teksel is de oalje woansdei ûntdutsen. Neffens it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat giet it om in "relatief kleine hoeveelheid" fan 4 oant 17 kúb oalje en wurdt der hurd wurke om dy op te romjen.

Om dúdlikens te krijen oer de grutte en de eksakte lokaasje binne der ynspeksjeflechten útfierd troch de Kustwacht. By dy lêste ynspeksje is tongersdeitemoarn konstatearre dat der noch twa oaljeslierten oantroffen binne op sa'n sân kilometer fan de westkust fan Teksel. Ek is der ynspeksjeflecht dien boppe de Waadsee. Dêr is gjin oalje oantroffen.

In lyts diel fan de flek is sa flintertin dat dizze net mei de saneamde 'veegarm' opsûge wurde kin. In boat fan de Kustwacht sil dêrom troch de tinne oalje hinne farre sadat dy rapper ferdampe sil en op natuerlike wize ôfbrekt.

Foto: Rijkswaterstaat

Hoe bedriigjend is sa'n flek foar de eilannen en de Waadsee? Op it stuit net sa seit Rykswettersteat. Ellen Kuipers fan de Waadferiening is it dêr lykwols net mei iens. "Olie is sowieso ongelofelijk schadelijk voor het zeemilieu, in welke hoeveelheid ook", seit se. "Een druppel olie is al schadelijk voor sommige organismen."

Se hat behoarlik wat krityk op Rykswettersteat. Want sa waard de Twadde Keamer woansdei fuortendaliks ynformearre, mar ynstânsjes as de Waadferiening wer net. Kuipers fynt dat ûnbesteanber. "Zeker als je kijkt naar het feit dat er net een grote containerramp is geweest, waarvan we nog volledig in de nasleep zitten."

Yn 2017 hat der in oefening west foar dit soarte rampen. Rykswettersteat en de Waadferiening sloegen dêrby de hannen yninoar. "Bij die oefening waren er vier schepen bezig, en nu is er echt wat aan de hand, en is er één schip", seit Kuipers fernuvere.

Rykswettersteat is it net iens mei dy krityk. Se ha alle ynstânsjes dy't derby belutsen wurde moatte derby helle, lykas boargemasters en de Feilichheidsregio's. "Wy binne dêrop taret. We oefenje dit fansels ek regelmjittich, tegearre mei de Kustwacht, dy't alles yn 'e gaten hâldt. Ik tink dat wy alles op it stuit goed ûnder kontrôle hawwe", seit Anne van der Meer fan de ynstelling.

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge wol ûndersocht hawwe wêr't de oalje wei komt. "Ik denk dat iedereen vindt dat dit niet zou moeten kunnen. Maar toch gebeurt het."

(advertinsje)
(advertinsje)