Fryslân ynkoarten miskien in Waadeilân riker?

28 mrt 2019 - 12:23

Teksel soe him mear ôfskiede moatte fan de provinsje Noard-Hollân en oanslute moatte by Fryslân. Dat fynt de Tekselse âld-wethâlder Gerbrand Poster. Hy hat minister fan Ynlânske Saken hjir, Kajsa Ollongren, in brief oer skreaun.

"De provincie Noord-Holland besteedt veel meer aandacht aan Amsterdam en omgeving en het Gooi, maar is veel minder gericht op Texel. Wij zijn een beetje het stiefkindje van de provincie", fertelt de âld-wethâlder by NH Nieuws.

Provinsje

Neffens de âld-wethâlder is it dêrneist logysk dat alle Waadeilannen by ien provinsje hearre. "Als we ons bij Friesland aansluiten dan krijgen we waarschijnlijk meer geld, status en aandacht. Bovendien zijn de andere waddeneilanden al Fries. Zo kunnen we als grootste Waddeneiland samen met de andere eilanden meer een eenheid vormen."

Poster hat der yn it ferline ek al ris foar pleite om fan de Waadeilannen in nije provinsje te meitsjen. Hy hat dêroer kontakt hân mei de doetiidske minister Plasterk. Dy reagearre negatyf, omdat hy minder provinsjes yn stee fan mear neistribbe. Poster hat noch wol in spesjale Waadflagge lizzen, dy't er alfêst makke hie.

Min plan

Op Teksel reagearren bewenners foarearst net entûsjast op it plan fan Poster om Teksel oanslute te litten by Fryslân. In soad Tekselers sizze harren Noard-Hollanner te fielen en sjogge it hielendal net sitten om op Fryske taalles te gean.

Poster sels praat mar in pear wurden Frysk. "'Oant moarn', dat heb ik van die weerman", laket er. "Maar als we ons aansluiten bij Friesland, ga ik zeker op Friese les."

(advertinsje)
(advertinsje)