Minder winst foar fleisferwurkingsbedriuw Vion

28 mrt 2019 - 12:14

Fleisferwurkingsbedriuw Vion makke yn 2018 bot minder winst as it jier derfoar. Dat komt ûnder oare troch de werstrukturearring fan it bedriuw en minder belestingfoardielen. Ek de lege priis fan de hûden fan kij hat der mei te krijen, lykas de waarme en drûge simmer, wêrtroch't de priis foar bargen omheech gie.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It bedriuw makke ôfrûne jier 10,2 miljoen euro winst, in jier earder wie dat noch 21,8 miljoen euro.

It Brabânske bedriuw iepene yn febrewaris 2018 in fêstiging yn Ljouwert, dat wie in ynvestearring fan 20 miljoen euro. Yn maaie fan dat jier sleat it bedriuw tydlik syn duorren fanwegen technyske saken en ûndúdlikens oer keuringsresultaten fan it fleis. Yn septimber is it bedriuw wer iepengien.

Trefwurden: 
Ljouwert Vion winst
(Advertinsje)
(Advertinsje)