Twa oanhâldings yn ûndersyk nei hannel yn harddrugs yn Noardeast-Fryslân

28 mrt 2019 - 11:32

Plysje Noardeast-Fryslân hat yn in ûndersyk nei hannel yn harddrugs twa minsken, fan 30 en 36 jier, út de gemeente Dantumadiel oanhâlden.

Drugs - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de fertochten waard twa wike lyn oanhâlden yn De Westereen, de oare fertochte waard moandei yn Den Haach oanhâlden. It ûndersyk nei drugshannel yn Noardeast-Fryslân is noch net klear. De plysje slút mear oanhâldingen net út.

(advertinsje)