Geartsje de Vries oer har NL Award: "It fielt as wurdearring"

28 mrt 2019 - 11:11

Omrop Fryslân hat woansdeitejûn in NL Award yn de wacht sleept. De priis waard útrikt yn de kategory 'Beste Radioprogramma' en gie nei de Buro de Vries-dokumintêre fan Geartsje de Vries oer de Fryske transgender Manon: "Einliks mysels..." : Marc Sander waard Manon Eline Veere.

"Ast nominearre bist, bist fansels al hiel bliid. Meastal is it apels mei parren ferlykje, dus it is mar krekt wêr't de sjuery nei sjocht", fertelt De Vries oer har ferwachtings oft se de priis winne soe. Har konkurrinten wiene in radioprogramma fan Radio Drenthe oer Westerbork en in podcastsearje fan RTV Oost oer wolven.

"Einliks mysels"

De Vries har winnende podcast giet oer in man dy't in frou wurden is. De Vries hat mei Manon, dy't berne wie as Marc, praat neidat sy har transysje yngie. Se prate mei har oer de psychyske en lichaamlike gefolgen dy't har transysje foar har hie.

"Ik hie it al hiel lang yn 'e holle. It fassinearret my enoarm: hoe kin it dat minsken it sa fiele dat se net yn it goede lichem sitte? Dat is de drive eins, fassinaasje", leit De Vries út.

"As programmamakker dreamst derfan datst sa'n haadfiguer fynst dy't sa moai fertelle kin. Ik fyn ek echt dat we it tegearre dien hawwe. It is oan my om de goede fragen te stellen en it letter moai yn elkoar te setten. Mar ast net sa'n moaie haadfiguer hast, dan kinst sa dyn bêst dwaan, mar dan wurdt it nea sa moai."

Wurdearring

De Vries sjocht de priis as in wurdearring. "In wurdearring fan kennis, dy't seit: watsto makke hast, is wol hiel moai. Dêr bin ik dochs grutsk op."

Geartsje de Vries oer har priis

(advertinsje)
(advertinsje)