Plysje pakt ferkearsoertreders tenei hurder oan

28 mrt 2019 - 11:07

Automobilisten dy't te faak de fout yn geane, rinne it risiko dat se harren auto ynleverje moatte. Mei dy maatregel komt lanlik ferkearsoffisier Achilles Damen. De 'veelplegers' yn it ferkear moatte hurder oanpakt wurde, oars leare se it nea, sa seit Damen.

tafelpetear ferkearshufters

"We hebben met de politie hier in Fryslân een methodiek ontwikkeld waarmee we mensen die het te bont maken in het verkeer hinderlijk kunnen volgen. Dan moet je denken aan automobilisten die stelselmatig te hard rijden, met alcohol op of zonder rijbewijs", leit Damen út.

De saneamde 'veelplegers' sille letterlik folge wurde troch de plysje. "Ik ga natuurlijk niet precies vertellen hoe we dat doen, dat blijft geheim. Maar je zou kunnen denken aan een video-surveillance auto."

Damen hat skjin syn nocht fan automobilisten dy't harren net oan de regels hâlde. "Met name mensen die in woonwijken te snel en onverantwoordelijk rijden, daar richten we onze pijlen op."

Hurdere oanpak ferkearsoertreders

Trajektkontrôle

Neffens Veilig Verkeer Nederland misdrage automobilisten harren omdat de pakkâns lyts is. Sa rydt der yn Fryslân mar ien fideosurveillânse-auto fan de plysje en net iens alle dagen. Dêrom wurdt der op twa plakken trajektkontrôle mei flitspeallen ynfierd, tusken Drachten en Donkerbroek en tusken Wolvegea en Easterwâlde: "We doen dat juist op deze plekken omdat daar veel te hard wordt gereden en omdat uit onderzoek blijkt dat er veel ongelukken gebeuren. Het voordeel van trajectcontrole is dat je permanent kunt controleren. Je bent dus niet afhankelijk van de capaciteit die de politie heeft. En die druk is al zo hoog."

Achilles Damen - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ferkearsoffisier Achillles Damen oan it wurd

Yn Fryslân foelen de ôfrûne fiif jier 115 deaden yn it ferkear. Yn it jier binne it der hieltyd minder, fan 20 yn 2015 nei 16 ferline jier. It tal deaden yn it ferkear bliuwt ôfnimmen. It kabinet hat in desimber sein dat se stribje nei nul deaden yn it ferkear, ek provinsje Fryslân hat dit ôfsprutsen.

Trijekwart fan de slachtoffers is man. Neffens Patrick Rugebregt fan it Instituut voor Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid (SWOV) komt dat benammen troch dat der foaral mannen efter it stjoer sitte, dy rinne dan in grutter risiko om by in ûngelok belutsen te reitsjen.

Jongeren faak oarsaak iensidige ûngelokken

Hast de helte fan de ûngelokken is iensidich, dêrby komme benammen jongeren om. "Eenzijdige ongelukken zijn juist vaak jongen mensen in weekendnachten", fertelt Rugebregt. "Vaak zijn deze jonge mensen wel echt de Bob, maar nog onervaren achter het stuur, vermoeid, en niet gewend om met een auto vol vrienden te rijden. Dan gaat het gauw mis, verliezen ze de macht over het stuur en belanden bijvoorbeeld tegen een boom. Bij de eenzijdige ongelukken is dan ook een groter deel beginnend bestuurder dan bij de ongelukken waar meerdere auto's bij betrokken zijn."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust gie mei plysjemannen Bouwdie Hovinga en Hans Zwart op 'en paad

Navigaasje - Foto: Shutterstock.com

Gefaarlikste dyk

De gefaarlikste dyk fan Fryslân is de N359 fan De Lemmer nei Ljouwert. Tusken 2014 en 2018 foelen op dizze dyk 8 deaden. De provinsje wurket oan it feiliger meitsjen fan dizze dyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)