Fryske tradysjes: terjochte foer foar diskusje?

Tradysjes en it yn stân hâlden derfan binne hast altyd wol foer foar diskusje. Sa ek ôfrûne wike, doe't de rjochtsaak tsjin it Kallemooifeest op Skiermûntseach tsjinne. Mar binne der mear tradysjes dy't bisteleafhawwers tsjin it boarst stjitte? En binne dit soarte tradysjes noch wol fan dizze tiid? Goffe Jensma, heechlearaar Frysk oan de Ryksuniversiteit fan Grins, fertelt oer Fryske tradysjes.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Goffe Jensma oer tradysjes
"Der binne tradysjes dêr't je gruttere fraachtekens by sette kinne as it Kallemooi-feest", seit Jensma. "Sa ha der tradysjes yn Fryslân west wêrby't in kat yn in tonne stoppe waard, wêrnei't mei kneppels tsjin de tonne oan slein waard oant it bist kjirme fan de pine. Minsken fûnen dat moai. Dat hat foar aardich wat opskuor soarge om't in bûtenlânske reizger de Friezen dêrmei typearre. Joost Halbertsma kaam dêr tsjin yn aksje, dat wie him net nei it sin."
Der binne blykber minsken dy't in sadistyske aardichheid hawwe oan diereleed.
Goffe Jensma
Ek it aaisykjen sjogge guon minsken as bistemishanneling en sa binne der ek tradysjes dy't stikem hâlden wurde om't der oars opskuor ûntstiet. Jensma: "Der binne blykber minsken dy't in sadistyske aardichheid hawwe oan diereleed. Persoanlik kin ik dat net oars sjen. Dêroan ta grûnslach leit it idee dat in bist wêzentlik oars is as in minske. Ik fyn in hoanne yn in mêst hingje wol oars as in bist yn libben iepen snije, of om bisten sa te pesten dat se der dea by del falle."

Reden fan tradysjes

Neffens Jensma jout it oanhingjen fan tradysjes minsken in yn- en útslutingsgefoel. "Feitlik is it in groepsgefoel dat meispilet, los fan dat minsken sa no en dan nocht oan ûnnocht hawwe. Dat is mei de Swarte Pite-diskusje ek sa. Minsken fiele har miskien dochs wat bedrige en hâlde dêrom fêst oan symboalen, dêr't se fan tinke dat dat de eigenheid fan de groep symbolisearret", konkludearret Jensma.