Beitske Visser krijt stuoltsje yn 'Formule 1 foar froulju'

Beitske Visser hat in plak krigen yn de saneamde W Series. Dat is in nije raceklasse, dêr't allinnich froulju yn meidwaan sille. De W Series binne opset om froulju spesjaal op te lieden foar in karriêre yn de Formule 1.
Beitske Visser © BMW Motorsport
De 23-jierrige Visser komt fan Twellingea. De W Series bestiet út seis races. De earste race stiet fan 3 oant 5 maaie op it programma, op it sirkwy fan Hockenheim yn Dútslân. Fan 19 oant 21 july is de Formule W yn Nederlân, op it sirkwy fan Assen.

'Froulju kinne likegoed autorace as manlju'

De lêste 28 froulju moasten ôfrûne dagen yn it Spaanske Almeria noch testen ûndergean. It gie dan om fysike testen, mediatraining en fragen oer technyske kennis. Wichtichste ûnderdiel wiene de races yn in Tatuus T-318. Dat is in auto út de Formule 3 dêr't de W Series yn riden wurde sil.
Neffens de organisaasje fan de W Series kinne froulju likegoed autorace as manlju, as se mar deselde kânsen krije. Dêr wol de organisaasje by helpe.
Beitske Visser fertelt oer de W Series
Der binne yn totaal achttjin startbewizen, en twa reserveplakken tabedield. Njonken Visser makken ek Stéphane Kox, Milou Mets en Shirley van der Lof kâns op in plakje. Fan dy oare Nederlânske froulju is Kox, út Eindhoven, oanwiisd as reserve. "Ik ging erheen met de intentie dat ik erbij zou zitten. Ik had er wel vertrouwen in", fertelt Visser deroer.
Visser siet al betiid yn de auto. Op har fyfde begûn se mei karten. "Dat bouw je langzaamaan op. De eerste wedstrijd in de auto's reed ik op m'n zestiende. De W Series is niet m'n ultieme droom. Ik hoop dat ik hierna door kan stromen richting Formule 1 of DTM, maar ik denk dat de W Series daarin wel een goed hulpmiddel kan zijn."
De Formule 1 is it heechste dat der te heljen is foar in koereur. Der is gjin regel dy't froulju ferbiedt om dêroan mei te dwaan. Dochs is it mear as 40 jier lyn dat in frou dat foar it lêst die. As der neat feroaret, seit de organisaasje fan de Formule W, kin it ek noch wol 40 jier duorje foardat in frou it wer docht.
Neffens ûnder oare David Coulthard binne der gjin fysike, psychologyske of hormonale tûkelteammen dy't derfoar soargje dat froulju de Formule 1 net oan kinne, mar de organisaasje fan de Formule W seit wol dat it foar froulju ekstra dreech is om de Formule 1 te berikken. Dat komt omdat der gjin froulike rolmodellen binne.

Miljoenen

Boppedat kostet it miljoenen om as jonge koereur sa goed te wurden, dat je yn oanmerking komme foar in plak yn de Formule 1. Sûnder rolmodellen soe it foar froulju ek lestiger wêze om dat jild byinoar te krijen.
Se hoege net te beteljen om mei te dwaan oan de Formule W. Se wurde selektearre omdat se goed ride kinne, net omdat se rike âlders of sponsoaren ha. Troch de bêste froulju by mekoar te setten, hopet de Formule W in platfoarm kreëarjen dat foar sponsoaren ynteressant is. Alle froulju ride yn identike auto's, sadat de bêste koereurs de measte kâns meitsje, en net de koereurs mei de bêste auto's.

In froulike kampioen yn de Formule 1?

De organisaasje fan de Formule W ferwachtet dat de bêste froulju op termyn op itselde nivo ride kinne as de measte manlike koereurs. En, mei oefenjen en ûnderfining, soe der, op termyn, ek wol in froulike kampioen komme kinne yn de Formule 1. Oft dat ea barre sil, is net dúdlik. Mar as it safier is, dan soe se, neffens de organisaasje fan de Formule W, fuortendaliks de grutste sportstjer fan de wrâld wêze.