Mear minsken dwaande mei kursus Frysk by de Afûk

28 mrt 2019 - 09:55

Mear en mear minsken leare Frysk. Yn it earste fearnsjier fan 2019 binne goed 400 minsken úteinset mei in kursus Frysk by de Afûk. Dat binne 150 mear as yn deselde perioade ferline jier.

Foto: -

Der binne op it stuit mear as 30 kursusgroepen troch de hiele provinsje aktyf mei in kursus Frysk ferstean, Frysk praten of Frysk skriuwen.

De Afûk fersoarget de kursussen op ferskate nivo's. Dat kin wêze foar minsken dy't al wol Frysk prate, mar ek foar minsken dy't noch hielendal net betûft binne yn it Frysk. "We binne der fansels hiel bliid mei dat de minsken ús sa goed witte te finen", seit Lineke Kuiper fan de Afûk-kursusorganisaasje. "En moaier noch: dat ús kursussen yn in ferlet foarsjogge."

Neffens Kuiper folgje minsken net allinnich mar kursussen út persoanlike ynteresse: "Ek foar it wurk. Fia wurkjouwers is der hieltyd mear fraach nei kursussen foar meiwurkers."

Trefwurden: 
Afûk Fryske taal taalkursus
(advertinsje)
(advertinsje)