Kollum: "Neillak"

"Ja, dit is in bytsje in eksperimint. Ik ha neillak kocht en wol dat no, as aktivistyske died, op myn neils dwaan. Ik sil it even pakke - ik ha it yn 'e iiskast setten, want dat stie op in webside oer neillak. Is om klonterjen tsjin te gean. It sil wol ûnsin wêze, mar ik wol mar sizze: ik wit wat ik doch.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
It komt troch WNL op Zondag. Want om redenen dy't ik net hielendal begryp, siet ôfrûne snein wér in topfrou fan definsje yn dat programma. En wér waard in stomme fraach steld troch in man, oan har, nammentlik troch Rick Nieman. Twa wiken lyn wie it ek al raak. Doe siet der dus ek in topfrou fan definsje, en sy krige de fraach 'laat je nagels eens zien' - ik ha it der op dit plak al oer hân, dat sa'n fraach no nea ris oan in man steld wurde sil. Miskien no wol oan my, om't ik straks neillak op ha.
It is in wat prutserich potsje, ik bedoel, it is lyts. Even iepen meitsje - sjoch, oan it dopke sit in kwastke, en dêrmei kin ik it op myn neils smarre. Ik ha trouwens foar in donkerblauwe kleur keazen. Want read giet my wat te fier, en dat strielet ek net út wat ik wol dat it útstrielet. It moat al wat krêftich wêze fansels. It moat yn twa lagen, want yn laachjes wurkje is de oplossing foar einliks elk neillakprobleem, sa lies ik op deselde webside. Maklik no? Ho, haha no it giet hast drekst al mis. It kwastke is suver wat oan 'e grutte kant om dit sa presys te dwaan.
Mar, wêr hie ik it oer, o ja, WNL. Ofrûne wykein siet der dus ek wer in topfrou fan definsje. Elanor Boekholt-O'Sullivan, Nederlandse commodore bij de Koninklijke Luchtmacht. Ik wit net sa goed wat in commodore docht, mar sy giet oer cyberdingen. Dus oer hoe't Nederlân him ferdigenet tsjin cyberoanfallen, en sels ek cyberoanfallen dwaan kin. Se sei: alles datst mei in knop oansette kinst, kin yn prinsipe hackt wurde. Mar foardat se ek mar wat sizze koe, kaam presintator Rick Nieman mei de domste fraach ea:
"Hoe is het om vrouw te zijn bij Defensie."
Hallo. Hoe is it om man te wêzen by definsje. Soest dat freegje, Nieman? Elanor hat dizze fraach fansels al tachtichtûzen kear krigen, en se hie dan ek fuortendaliks har antwurd klear: "Ik krijg regelmatig de vraag hoe het is om vrouw te zijn." Oftewol: stik deryn Nieman, ik bliuw aardich, mar come on, tinksto dat dit soarte fan froulju harren dwaande hâlde mei bygelyks soks ienfâldichs as neils en sokssawat, wolnee.
Dus fandêr no myn aksje: neillak. Okee, de earste neil is hast klear, mar ik bin in bytsje útsjitten en der sit no wat op myn finger. De keukenrol stiet al klear dus it is sa fuort. **** ho, ik bedoel, potferdikky, dêr reage ik it potsje hast om. Ja, sjoch, myn doel is fansels om oaren ta tinken oan te setten. In gedachte oer manlikheid en froulikheid. Oer emansipaasje. En om dan efkes neillak op te dwaan, is fansels in lytse muoite, sa klear, en in dúdlik statement foar de froulike meiminske.
Ik bedoel: it is net datst om neillak op dwaan te kinnen no in commodore wêze moast of sa. It is gewoan in laklaachje, sa't ik dy al sa faak op kezinen en tafels smard ha. Wat foar ynspanning is dat no hielendal. Dêr yngewikkeld oer dwaan, nee, sa fragyl is myn manlikheid net hear.
Even konsintraasje no.
Ik moat no dus efkes mei myn ûnhandige hân de neils fan de oare dwaan. Dêr hie ik noch net oer neitocht en dan ûndertusken prate, ja, dat giet net hielendal flot tegearre. Ho alwer och heden even oh *** ******* *********. **** ***. Oh nee, wat in binde.
Sorry. Sorry ik ha hjir even in momintsje foar mysels nedich. Mei 'neillakremover'. Nije wike wer in normale kollum. Sorry."