CBS: Yn Fryslân hat It Amelân it minste tal fertochten fan in misdriuw

28 mrt 2019 - 08:15

Lanlik wurde hieltyd minder minsken fertocht fan in misdriuw. De plysje hat ferline jier hast 160.000 minsken fertocht fan in misdriuw en dat binne hast 10.000 minder dan yn 2017. Ek yn Fryslân is it tal ôfnaam, op iIt Amelân sels rom de helte.

Foto: CBS

Yn Fryslân wurde yn Ljouwert de measte minsken fan in misdriuw fertocht, mar ek dat tal is ôfnaam. Yn 2017 waarden der noch 152 op 10.000 minsken fertocht, yn 2018 wiene dat noch sa'n 125 op de 10.000 minsken. Op It Amelân is it tal fertochten mei goed de helte ôfnaam. Dêr wurde yn Fryslân no de minste minsken fertocht fan in misdriuw.

By ien op de trije fertochten giet it om in misdriuw mei jild, lykas stellerij, helen en fertsjusterjen.

Lanlik telden de gemeente Den Haach en Rotterdam yn ferhâlding de measte fertochten. It tal minderjierrige fertochten is lanlik de ôfrûne tsien jier hast twa tredde minder wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)