Undersyk nei sluten REC: lit sjen wat yn ôffaloven bart

28 mrt 2019 - 00:04

It komt net as in grutte ferrassing, mar no stiet it swart op wyt. Ynwenners fan Harns, mar ek yn de rest fan Fryslân, hawwe grutte soargen oer de ôffaloven. De soargen binne sa grut dat men sels jild oer hat foar it tichtgean fan de sintrale.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Dit is ien fan útkomsten fan it ûndersyk nei in eventuele sluting fan de REC yn Harns. De gemeente hat opdracht jûn foar it ûndersyk, nei in oantal steuringen dy't foar ûnrêst soargen. Der is ûndersyk dien nei de juridyske, ekonomyske en finansjele gefolgen fan in eventuele sluting.

Grutte soargen

Undersyksburo Ecorys hat in boargerpeiling holden oer de ôffaloven ûnder hast 1.200 minsken. Krekt wat mear as de helte kaam út Harns, it oare part foaral út de rest fan Fryslân. Sa'n 70 prosint jout oan grutte soargen te hawwen oer de ôffaloven en de folkssûnens en feilichheid.

Viek Verdult fan Ecorys fynt dit in hiel dúdlik sinjaal fan de befolking. "Gegeven het feit dat mensen zich zo zorgen maken, is het belangrijk dat Omrin nu echt in actie komt om die zorgen van mensen te verlichten. Laat gewoon zien wat er gebeurt in die centrale, laat zien wat je doet en neem de zorgen van mensen serieus, die moeten op termijn echt aanzienlijk minder worden."

Beurs lûke

Fierder waard minsken frege oft se ree binne mear belesting te beteljen, mocht de REC slute. It ôffal moat dan earne oars ferbrând wurde en dat kostet dan mear. Goed 60 prosint fan de respondinten stiet hjir foar iepen.

In oare kostepost is de sluting fan de sintrale sels. As de REC de duorren slút, kostet dit tusken de 100 en 150 miljoen euro. Dit moat betelle wurde troch de oandielhâlders fan Omrin, en dat binne hast alle Fryske gemeenten. Dy sille dit dan trochberekkenje oan harren ynwenners. Ungefear 43 prosint fan de minsken fynt dit net akseptabel, 38 prosint wol.

Net samar ticht

It ûndersyksburo hat de útstjit fan de REC ferglike mei dy fan de oare ôffalovens yn ús lân. De REC leit foar in grut part fan de útstjit ûnder it lanlike gemiddelde. Mei fjouwer stoffen komme se boppe it gemiddelde út, wêrûnder sâltsoer. Yn it rapport stiet dat dit net ta te bûten gean fan de sûnensnoarmen soarget of neidielige effekten foar it miljeu.

Mei oare wurden, de REC foldocht oan de miljeufergunning fan de provinsje. As de REC hjir net oan foldocht, dan pas kin de provinsje de ôffaloven slute. De gemeente Harns is dus net by machte om dit te dwaan. Fierder hat de direksje fan Omrin juridysk it rjocht om ta sluting oer te gean.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Bettere kommunikaasje

Neffens wethâlder Harry Boon moat de kommunikaasje folle better. "Omrin moet veel actiever naar de bevolking toe communiceren, daar schort het nog steeds aan. Binnenkort zitten de GGD, de Veiligheidsregio, de gemeente Harlingen, de provincie en de REC weer aan tafel om hier aan te werken." Boon fynt dat Omrin ek sichtberder wêze moat as der ris in kear gjin steuring is. "Vertel wat jullie allemaal aan het doen zijn. Sta stil bij mijlpalen."

Trefwurden: 
Harns REC Omrin ôffaloven Ecorys
(Advertinsje)
(Advertinsje)