Djoere nederlaach foar UNIS Flyers yn tredde finaleduel BeNe League

27 mrt 2019 - 22:36

UNIS Flyers is it thúsfoardiel kwyt yn de finale fan de BeNe League. Op Thialf giene de Feansters mei 8-4 ûnderút tsjin HYC Herentals. Dêrtroch stiet it nei trije wedstriden 2-1 foar de Belgen, dy't sneon yn eigen hûs dien wurk meitsje kinne.

REPO Djoere nederlaach UNIS Flyers

Freed yn de earste thúswedstriid wûnen de Flyers nei penalty shots. It twadde duel gie mei 5-2 nei Herentals. Dy ploech wist dus woansdei op It Hearenfean ek te winnen. De perioadestannen wiene 4-2, 1-1 en 3-1 foar Herentals.

Min begjin

De Flyers setten min útein oan de wedstriid. Al nei trije minuten kaam Herentals fia Kyle Brothers op in 1-0 foarsprong. Nei goed seis minuten ferdûbele de Belgyske tsjinstanner de skoare. Ben Coolen makke der 2-0 fan. Noch gjin minút letter mocht Herentals in penalty shot nimme, dy't Vincent Morgan benutte koe. Jasper Nordemann soarge dêrnei foar de earste Flyers-goal: 3-1.

Foto: Martin de Jong

Noch yn de earste perioade profitearre Herentals fan in powerplay, yn de man-mear-sitewaasje sette Mitch Morgan de 4-1 op it skoareboerd. Efkes letter hiene de Flyers in dûbele powerplay, wêryn't Todd Ratchford de skoare werombrocht nei 4-2.

Oanslutingstreffer

Yn de twadde perioade setten de Feanster iishockeyers goed útein. Nordemann makke de oanslutingstreffer nei njoggen minuten. Herentals tilde de marzje allinne dochs wer nei twa, troch fan in powerplay te profitearjen. Preston Shupe koe der 5-3 fan meitsje.

Jasper Nordemann UNIS Flyers

Risiko nimme

De ploech fan coach Mike Nason moast yn de lêste perioade risiko nimme om wat oan de efterstân te dwaan. It gie allinne nei in lytse trije minuten al mis. Morgan makke syn twadde fan de wedstriid en sette de Herentals op 6-3. Fia Coolen en Ben Vercammen waard it noch slimmer foar de Flyers: 8-3. Uteinlik sette Ljouwerter Marco Postma de einstân fan 8-4 op it skoareboerd.

It betsjut dat de Flyers sneon yn Herentals winne moatte om in beslissende fiifde wedstriid ôf te twingjen. As der sneon op 'e nij ferlern wurdt, giet de titel fan de BeNe League nei Herentals.

Marco Postma UNIS Flyers

(Advertinsje)
(Advertinsje)