Oaljeplak op see bedriget Waadeilannen

27 mrt 2019 - 22:20

De Waadeilannen moatte der rekken mei hâlde dat der de kommende 24 oeren oalje oanspiele kin op de kust. Sa'n 18,5 kilometer westlik fan Teksel is woansdei in oaljeplak ûntdutsen op see.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Neffens it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat giet it om in "relatief kleine hoeveelheid" fan 4 oant 17 kúb oalje. It is net bekend wêr't de oalje weikomt. Rykswettersteat is daliks úteinset mei it opromjen en hâldt dêroer in liveblog by.

Yn de nacht fan woansdei op tongersdei is de syktocht stillein. Tongersdeitemoarn is Rykswettersteat op 'e nij begûn mei it opromjen fan de oalje. Mei in fleantúch wurdt út de loft wei nei de oalje socht.

Trefwurden: 
Waadeilannen see oaljeplak
(advertinsje)
(advertinsje)