VC Snits docht goeie saken yn race om lânskampioenskip mei oerwinning op Set-Up '65

27 mrt 2019 - 21:25

De froulju fan VC Snits hawwe woansdeitejûn goeie saken dien yn de striid om it lânskampioenskip. Yn de Sneker Sporthal waard mei 3-0 wûn fan de nûmer twa yn de kampioenspûl, Springendal-Set-Up '65 út Ootmarsum.

VC Snits docht goeie saken yn race om lânskampioenskip

De Friezinnen setten it duel mei de Oeriselse klup goed útein. De earste set gie dan ek mei dúdlike sifers nei VC Snits: 25-15. Yn de twadde set kamen de besikers better yn de wedstriid en gie it mear lykop. De ploech fan coach Paul Oosterhof wie lykwols krekt wat better: 25-23. Dy mentale tik kamen de froulju fan Set-Up yn de tredde set net mear te boppe. De tredde set gie dêrtroch wer reedlik ienfaldich nei de Snitsers: 25-19.

Monique Volkers nei VC Snits - Set-Up '65

Lânskampioenskip

Troch de oerwinning stiet VC Snits no, mei noch trije wedstriden te gean, mei 15 punten dield op it twadde plak mei Set-Up '65. In plak by de bêste twa jout rjocht op in plak yn de finale om it lânskampioenskip. Oanfierder fan it klassemint Sliedrecht Sport is mei 23 punten al hast wis fan in plak yn dy finale.

Paul Oosterhof nei VC Snits - Set-Up '65

Trefwurden: 
follybal VC Snits Set-Up '65
(Advertinsje)
(Advertinsje)