De Tocht: grutste teäterspektakel ea yn Fryslân

27 mrt 2019 - 21:12

It wurdt it grutste teäterspektakel ea yn Fryslân: De Tocht. Foar it stik oer de Alvestêdetocht wurdt in nij teäter boud mei in iisflier, der is plak foar 1.500 besikers en it moat allegearre klear wêze foar 2020. Dêrom is der no al in team gearstald om dizze meunsterproduksje op tou te setten.

PETEAR FH De Tocht: grutste teaterspektakel ea yn Fryslân

Om ynspiraasje op te dwaan, ha de regisseur, skriuwer, komponist en goreograaf harren in wike lang ûnderdompele yn de alve stêden fan Fryslân. En mei resultaat.

Mei in bus troch de hiele provinsje

"Een week lang sliepen we in een huis in IJlst aan de route van de Elfstedentocht", fertelt regisseur Eddy Habbema. Hy komt út Amsterdam en wie yn de jierren 90 de earste Nederlanner dy't in musikal regissearje mocht yn New York. Foar De Tocht is hy mei de rest fan it team mei in bus troch de hiele provinsje riden.

Ynstart toer troch provinsje

Alvestêderiders ha ferhalen ferteld en sa wat besocht fan de Alvestêdesfear mei te jaan oan it team fan De Tocht. Habbema fûn it in hiel bysûndere wike. "In de voorbereiding voor een theaterstuk kom je altijd bij elkaar, maar nu zitten we letterlijk in het verhaal."

Earder hat Hobbema de rezjy dien foar musicals as Blood Brothers, Elisabeth, Crazy for you en Ja zuster, nee zuster.

Foto: Foppe van der Veen

Om sa goed mooglik taret te wêzen, hat de organisaasje âld-alvestêderiders frege om mei te wurkjen. Ien fan harren is Klasina Seinstra. By de tarieding sil sy meardere kearen fertelle oer har ûnderfiningen. "Dat kin wêze oer hoe't ik my fielde ûnder de tocht en wêr't je oan tinke moatte as rider", seit de rapste frou fan de lêste Alvedstêdetocht yn 1997.

It is ek moai dat minsken dy't noch nea in tocht meimakke ha, wol de kâns krije om te belibjen hoe't it is.

Klasina Seinstra, rapste frou by de Alvestêdetocht fan 1997

Seinstra fynt it wichtich dat it Alvestêdeferhaal ferteld wurdt. "As ik der oer fertel, fine minsken it sa moai om te hearren", seit se. "Ik ha it idee dat elkenien wol wat hat mei iis. It is ek moai dat minsken dy't noch nea in tocht meimakke ha, wol de kâns krije om te belibjen hoe't it is."

"We kregen kriebels toen we dat hoorden"

De organisatoaren fan de Tocht, dy't foarich jier ek de teäterfoarstelling Tocht van Morgen betocht ha, helje harren ynspiraasje út de musical fan Soldaat van Oranje. Krekt as dy musical wolle se it in fêste plak jaan yn Fryslân. In musical dy't hûnderttûzenen minsken lûke moat út it hiele lân wei en dêrbûten.

De Alvestêdetocht lient him hjir perfekt foar fine se. "De eerste ideeën voor het verhaal zijn nu opgedaan. Het wordt een verhaal met strijd en heroïek, maar ook met eenzaamheid, geploeter en uiteindelijk het samenzijn", fertelt Habbema.

"Het ijs is onze grootste uitdaging. Voor zover ik weet is er nog nooit een complete musical of theatervoorstelling op het ijs gemaakt waarin ook het publiek op het ijs is en het zo groots aangepakt wordt. Maar ijs is iets wat hier niet in kan ontbreken", seit Habbema.

"Het heeft eigenlijk voor ons stuk ook een diepere lading. IJs is letterlijk iets dat verbindt. Het verbindt plekken met elkaar, maar ook mensen. En het ijs draagt je. Het haalt de gekheid in mensen naar boven. Zo eigenwijs dat mensen met halfbevroren ogen en gevoelloze tenen over de finish kwamen. Dat alles doet ijs met mensen."

De premjêre fan De Tocht stiet foar oktober 2020 op it programma, yn in teäter dat noch boud wurde moat. Omrop Fryslân folget de oanrin dêrnei ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)