Maarten van der Weijden hopet "de warmte van Fryslân" nochris mei te krijen

27 mrt 2019 - 20:51

"Ik hoop dat ik de warmte van Fryslân van vorig jaar, dit jaar nog een keer mag ervaren." Dat seit swimmer Maarten van der Weijden. Hy wol ein juny opnij besykje om de Alvestêdetocht te folbringen. De olympysk kampioen fan 2008 hopet hjirby opnij op de stipe fan Fryslân, sa sei hy woansdeitejûn yn 'Weistra op Wei'.

Tarieding 11stedenswimtocht - Foto: 11stedenzwemtocht

Ferline jier moast er nei 163 kilometer opjaan, sa'n 40 kilometer foar de finish, omdat hy it lichaamlik net mear oankoe. Van der Weijden wol it lykwols graach nochris besykje. "Het was natuurlijk wel heel mooi vorig jaar en er is zoveel geld voor kankeronderzoek ingezameld. Dat smaakt wel naar meer. Met de nieuwe poging hoop ik dat ik de kankerpatiënt nog beter kan helpen. Dat we nog een keer heel veel geld in kunnen zamelen. En ja, als ik dit jaar de Elfstedentocht wel helemaal uitzwem, zou ik dat wel prettig vinden natuurlijk", sa seit Van der Weijden.

Fergunningen

Yn it ôfrune jier kaam der in soad publyk nei de wetterkant om de swimmer oan te moedigjen. Dat soarge bytiden foar hektyske tafrielen en dus wie it dit jier in stik lestiger om oeral in fergunning te krijen. "Vergunningen zijn ook echt wel een belangrijk ding en dat moeten wij als stichting ook heel serieus nemen. Ik zwem, maar daar komt een heleboel bij kijken. Jullie mienskip en jullie saamhorigheidsgevoel is dusdanig groot dat het heel mooi is, maar dat het ook af en toe beangstigend kan zijn waar dat dan stopt. Dat is niet makkelijk, maar in goed overleg met de burgemeesters denken we dat het kan."

Meiswimme

By de ôfrûne edysje soene der minsken mei Van der Weijden meiswimme, mar fanwegen de minne wetterkwaliteit koe dat doe net trochgean. Dêr hat de swimmer dit kear wat op betocht. "Het meezwemmen hebben we gepland in Stavoren. Op 22 juni kom ik daar 's middags langs. Dat is een plek waar de kans op goede waterkwaliteit het grootst is, omdat het aan het IJsselmeer ligt", seit Van der Weijden, dy't úteinlik hopet op sa'n 3.000 meiswimmers.

Maarten van der Weijden nei syn tocht - Foto: Omrop Fryslân

Maarten van der Weijden

De swimmer hie al in pear moannen it idee om de tocht wer te swimmen. "En de vraag of ik nog een keer de Elfstedentocht ga zwemmen, kreeg ik de afgelopen maanden dagelijks. Ik vind het ook niet prettig dat ik daar niet open over kon zijn. Dat het nu naar buiten is en dat ik gewoon kan zeggen: ja, ik ga het nog een keer proberen en ja ik hoop dat Friesland me nog een keer gaat steunen. En ik hoop dat we daarmee voor de kankerpatiënten nog een heleboel geld in kunnen zamelen. Die openheid vind ik ook wel weer heel prettig eigenlijk", sa seit er.

(advertinsje)